Untsliepeniskatedraal (Jaroslavl)
Untsliepeniskatedraal
Успенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Jaroslavl | |
koördinaten | 57° 37' N 39° 54' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 2004-2010 | |
Kaart | ||
De Katedraal fan de Untsliepenis fan 'e Hillige Jongfaam Marije (Russysk: Успенский собор, Uspenski sobor; ek: Untsliepeniskatedraal) is de otterdokse katedraal fan it bisdom Rostov en Jaroslavl yn 'e Russyske stêd Jaroslavl.
De earste katedraal waard tusken 1215 en 1219 yn it sintrum fan 'e stêd op 'e rjochter kant fan 'e Wolga boud. De katedraal waard twa kear op 'e nij boud en lang om let yn 1937 troch de autoriteiten ôfbrutsen.
Yn 2004 waard begûn mei de rekonstruksje fan 'e ôfbrutsen katedraal, dy't mei de festiviteiten yn it ramt fan it stedsjubileum op 12 septimber 2010 mei de wijing ôfsletten waard.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Untsliepeniskatedraal wie it earste stiennen tsjerkegebou fan Jaroslavl en de bou dêrfan sette yn 1215 op inisjatyf fan Konstantin Vsevolodovitsj útein, de grutfoarst fan Vladimir. Biskop Kyrill wijde de katedraal yn 1219 op it feest fan Marije-Himelfeart. Oars as de measte tsjerken yn noardeastlik Ruslân waard de tsjerke fan bakstien boud en mei wite stien beklaaid.
In brân brocht yn 1501 grutte skea oan 'e katedraal en de weropbou fan in op de Moskouse Ferkundigingskatedraal ynspirearre nijbou waard yn 1516 ôfsletten. Yn 1642 wie men fan doel om in nije katedraal te bouwen. Yn 1649 folge lang om let de ynwijing fan de 55 meter hege klokketoer.
In oare grutte brân yn 1670 soarge op 'e nij foar grutte skea, mar nei in pear jier wie de katedraal lykwols wer yn byzantynske styl mei fiif sipels as bekroaning opboud. Tusken 1671 en 1674 waarden oan 'e muorren fan it ynterieur fan 'e tsjerke fresko's oanbrocht. De folgjende twa iuwen fûnen der ferbouwings plak, lykas yn 1788, doe't it bisdom nei Jaroslavl ferhuze. Yn 'e jierren 1832 oant 1836 waard neffens in ûntwerp fan 'e Russyske arsjitekt Avraam Ivanovitsj Melnikov in nije klokketoer boud en yn 1844 waarden de koepels fergulde.
20e iuw
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 20e iuw rekke de katedraal by de opstân fan Jaroslavl tsjin de bolsjewisten slim skansearre, mar oant 1924 waard de skea wer foar in diel ferholpen. Fan 1930 oant de sloop yn 1937 tsjinne de katedraal foar de opslach fan nôt. Op 26 augustus 1937 waard de katedraal opblaasd en dêrnei op it plak in park oanlein.
Earst op 26 oktober 2004 waard it beslút nommen de katedraal te rekonstruearjen. In wedstriid foar it projekt waard troch de arsjitekt Aleksej Denissov wûn. It wie ek it doel om in frijsteande klokketoer fan 70 meter heech te bouwen, mar neffens guon soe de toer it histoaryske panorama fan de stêd fersteure.
De wijing fan 'e nije Untsliepeniskatedraal fûn plak op 12 septimber 2010 troch patriarch Kyrill I, doe't de stêd it 1000-jierrich jubileum fierde.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal is in fjouwerkante sintraalbou mei fiif fergulde sipeltuorren. It oerflak fan it bouwurk bedraacht 2.000 fjouwerkante meter. De hichte is oant de foet fan it heechste krús 50 meter. Yn 'e katedraal is plak foar 4.000 minsken.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De katedraal yn it begjin fan de 20e iuw.
-
Ynterieur 1881.
-
De katedraal nei de opstân fan 1918.
-
De katedraal yn de ferljochting.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:de:Mariä-Entschlafens-Kathedrale (Jaroslawl)]
|