Untfinzeniskleaster (Moskou)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Untfinzeniskleaster

Зачатьевский монастырь

De nije katedraal fan it kleaster
De nije katedraal fan it kleaster
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow, Russia.svg Moskou
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier Fan ôf 1360
webside zachatevmon.ru

It Untfinzeniskleaster (transl.: Zatsjatevsky-kleaster; Russysk: Зачатьевский монастырь) is in Russysk-otterdoksk kleaster four froulju oan de noardlike kant fan de Moskva yn de Russyske haadstêd Moskou.

Is kleaster waard stifte yn de jierren 1360, sluten yn 1918 en yn 1995 op'e nij iepene as stauropegiaal kleaster (d.w.s. it kleaster falt fuort ûnder de patriarch).

Allinnich de Poartetsjerke fan de Ferlosser oerlibbe it Sovjet-tiidrek, in barok monumint út it ein fan de 17e/begjin 18e iuw.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste kleaster op dit plak waard yn 1360 troch de Moskouse metropolyt Aleksius stifte en waard wijd oan de ûntfinzenis fan Sint-Anna. Neffens de oerlevering wiene de earste nonnen susters fan Aleksius, dy't de kleasternammen Juliana en Eupraksia oannamen en yn it jier 2000 hillich ferklearre binne troch de Russysk-otterdokske Tsjerke. It kleaster waard troch in brân yn 1547 ferneatige. Dêrnei teach de mienskip nei in plak tichteby it sintrum, dêr't tsjintwurdich de Ferlossertsjerke stiet.

It kleaster yn 1882

Op it plak bleau lykwols in lytse mienskip efter en yn 1584 ûntstie der mei help fan tsaar Fjodor I wer in kleaster. Tusken 1584 en it begjin fan de Tiid fan Unstjoer waard foar it kleaster in nije stiennen katedraal boud. De bou fan de Poartetsjerke fûn yn 1696 plak en waard mooglik makke troch in telch fan de Russyske aadlike famylje Rimsky-Korsakov, dy't hjir yn de omkriten in soad lân besiet. Dizze katedraal moast yn 1804 wer plak meitsje foar in tusken 1805 en 1807 neogotyske katedraal, dy't no wijd waard oan de Berte fan de Hillige Jongfaam Marije. It ûntwerp fan de yn 1813 konsekrearre katedraal wurdt taskreaun oan de arsjitekt Rodion Kazakov, alhoewol't dêr gjin bewizen foar binne. Tidens de ynvaasje fan Napoleon yn 1812 bleaune de nonnen yn it kleaster en gyngen de tsjinsten gewoan troch. Tusken 1844 en 1850 waarden binnen de muorren fan it kleaster ûnder lieding fan de arsjitekt Michael Dorimedontovits Bikovsky in earmenhûs mei in Hillige Geast-tsjerke boud. In lêste útwreiding fan it kleaster fûn plak doe't Leonid Stezjensky apparteminten oan de Nikitsky Boulevard bouwe liet.

It kleaster nei de revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1922 waard it kleaster plondere, mar it bleau ynearsten noch bestean. Op 16 maart 1925 waard de lêste Godlike Liturgy troch patriarch Tichon fierd, dy't njoggen dagen letter ferstoar. It kleaster waard yn 1927 sletten. Njonken oare funksjes waard hjir no in ynrjochting fêstige fan jonge delinkwinten. De katedraal en oare bouwurken waarden mei it earmenhûs yn 1934 sloopt en op it plak dêrfan waard in skoalle boud. De Tsjerke fan de Hillige Geast ferlear de koepel en waard sa ferboud, dat it net mear as tsjerke werom te kennen wie. Yn de jierren 1960 waard de Poartetsjerke ta monumint ferklearre en oanslutend renovearre.

It kleaster tsjintwurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster yn 2013

Yn 1991 waard der wer tocht oan it herstel fan it kleaster en maaie 1995 wie it offisjeel safier. De Hillige Geast tsjerke waard renovearre en krige yn 2001 de koepel werom en yn 2005 waard útein set mei de ôfbraak fan de skoalle om op it plak in nije katedraal yn Russyske styl te bouwen. It patriargaat keas bewust net foar in rekonstruksje fan de foargonger, om't it patriargaat de neogotyske styl net passend fûn foar in otterdokske katedraal.

De bou fan de nije katedraal waard mooglik makke troch de filantroop en sakeman Dmitri Jevgenjewitsj Rybolovlew en de konsekraasje fan de 48 meter hege nijbou fûn op 25 novimber 2010 troch patriarch Kirill plak.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Poartetsjerke fan de Ferlosser (Boujier: 1696, Russysk: Спасская церковь)
  • Tsjerke fan de Hillige Geast (Boujier: 1846-1850, Russysk: Церковь Сошествия Святого Духа)
  • Unfinzenis fan Annatsjerke (Boujier: 1990, Russysk: Церковь Зачатия Анны)
  • Katedraal fan de Berte fan de Jongfaam Marije (Boujier: 2006-2009; Russysk: Рождество-Богородицкий собор)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]