Unorganisearre territoarium
In ûnorganisearre territoarium is yn 'e Feriene Steaten in krite lân ûnder Amerikaanske soevereiniteit dy't net binnen de grinzen fan in Amerikaanske steat leit en likemin in eigen regear hat dat oprjochte is troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. Dizze oantsjutting waard yn it ferline brûkt foar:
- lân dat noch mar krekt yn Amerikaanske hannen kommen wie, lykas barde troch de Oankeap fan Louisiana yn 1803 of de Oankeap fan Alaska yn 1867
- in regio dy't earder ûnderdiel útmakke hie fan in organisearre territoarium, mar dêr no troch in bestjoerlike herfoarming los fan kommen wie te stean (sa foarme in grut part fan it eardere Missoeryterritoarium ferskate jierren lang in ûnorganisearre territoarium nei't it súdeastlikste diel dêrfan yn 1821 de steat Missoery wurden wie)
Anno 2019 hat de Feriene Steaten de soevereiniteit oer 10 ûnorganisearre territoaria:
- Amerikaansk-Samoä
- Baker (eilân)
- Howland (eilân)
- Jarvis (eilân)
- Johnston (atol)
- Kingman Reef
- Midway (atol)
- Navassa (eilân)
- Palmyra (atol)
- Wake (eilân)
Op Amerikaansk-Samoä nei binne dat allegear ûnbewenne gebieten. Op Navassa nei (dat yn 'e Karibyske See eastlik fan Porto Riko leit) binne it allegear eilannen yn 'e Stille Oseaan. Palmyra, dat oant 1959 diel útmakke fan it Territoarium Hawaï, is it iennichste fan 'e tsien dat in ynkorporearre status hat.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |