Springe nei ynhâld

University Campus Fryslân

Ut Wikipedy

De University Campus Fryslân is in gearwurking fan fjouwer universiteiten en trije hegeskoallen. Op 18 novimber 1811 moast de universiteit yn Frjentsjer slute, op 18 novimber 2011 starte de UCF op in feestlike iepening yn Post Plaza yn Ljouwert. It is net in universiteit op himsels mar in gearwurkingsferbân fan besteande opliedings om de Fryske kennisynfrastruktuer te ferbetterjen.

Provinsjale Steaten fan Fryslân stelde hjirfoar yn desimber 2009 in notysje fêst wêryn de ambysje stie om it besteande akademyske netwurk yn Fryslân te fersterkjen en út te wreidzjen. De sân opliedings bondelje harren krêften foar wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk op seis terreinen:

  • duorsume enerzjy
  • toerisme
  • wetter
  • life sciences
  • meartaligens
  • leefberheid

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: