Ulrik fan Augsburch

Ut Wikipedy
Ulrik fan Augsburch
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 890
berteplak Augsburch
stjerdatum 4 july 973
stjerplak Augsburch
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 4 july
hillichdom Ulrik- en Afratsjerke, Augsburch
attributen boek mei fisk, ingel, rôt
patroan fan Augsburch (stêd en bisdom), fiskers, wevers, wynbouwers

Ulrik fan Augsburch (berne yn it jier 890 yn Augsburch, dêre ek ferstoarn op 4 july 973), ek bekend ûnder syn Dútske namme Ulrich of Latynske namme Uodalricus of Odalricus, wie in Dútske biskop.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sint-Ulrik yn 'e striid tsjin de Magyaren.

Ulrik wie de soan fan 'e greve fan Dillingen en krige yn 908 of 909 syn preesterwijing. Yn 923 wiisde kening Hindrik I him as biskop fan Augsburch oan en op 28 desimber dat jier waard er troch de biskop fan Mainz yn it amt wijd. Dat wie yn in tiid dat de stêd hieltiten wer lêst hie fan ynfallen fan Magyaren. Dêrom liet Ulrik de houten ferdigeningswâlen ferfange troch in stedsmuorre. By in oanfal yn 955 hie de biskop de lieding fan 'e ferdigening fan Augsburch en hy stjoerde in leger nei it Lechfjild, wêrmei't er Otto I oan 'e oerwinning op 'e Hongaren holp.

Ulrik woe syn lêste jierren yn in kleaster slite, mar de Rykssynoade gie net op syn fersyk yn. Ulrik ferstoar op 4 july 973 en waard yn 'e Ulrik- en Afratsjerke fan Augsburch byset.

Hillichferklearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ulrik is de earste persoan dy't troch de paus mei in offisjele kanonisaasje (hillichferklearring) hillichsprutsen waard .

Ikonografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byld fan Ulrik yn Augsburch.

Ulrik wurdt yn 'e regel as biskop yn fol ornaat foarsteld, somtiden op it hynder om't er tsjin 'e Hongaren meifocht.

Neffens in leginde joech er oan in boadskipper fan 'e hartoch fan Beieren in stik bret fleis fan in dei earder mei foar ûnderweis. Doe't de boadskipper de biskop fan Augsburch yn in kwea deiljocht sette woe troch by de hartoch te kleien dat Ulrik it freedsgebot op it iten fan fleis skeind hie en as bewiis dêrfoar it stik fleis sjen litte soe, die bliken dat it stik fleis yn in fisk feroare wie. Dêrom wurdt Ulrik ek faak ôfbylde mei in fisk yn 'e hân of op it boek.

Om't neffens in oare leginde in ingel in tsjelk brocht doe't Ulrik op in hege leeftyd noch in mis opdrage woe, wurdt der ek somtiden noch in ingel mei in kromstêf en tsjelk oan syn foarstelling tafoege.

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tombe fan Sint-Ulrik yn 'e Ulrik- en Afratsjerke fan Augsburg.

De hillige Ulrik is patroanhillige fan fiskers, wevers, wynbouwers, reizgers en stjerrende minsken. Hy wurdt oanroppen by oerlêst fan mûzen en rotten, by goarre en dwylsin, oerstreamings, eachsyktes en hûnebiten. Syn feestdei is op 4 july fêststeld.

Ulrik wurdt in soad yn Dútslân en dan benammen yn it suden fan it lân fereare en fierders yn Switserlân en Belgje. Yn 'e Ulrik en Afratsjerke fan Augsburch is syn grêf te finen. Ulrik is patroanhilige fan it bisdom Augsburch en de stêd Augsburch.

It doarpke Sint-Ulriks-Kapelle yn Belgje is nei de hillige ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: