De Ulesprong (Sint-Nyk)
Appearance
(Trochferwiisd fan Ulesprong (Skarsterlân))
De Ulesprong is in rekreaasjegebiet en strân oan de Tsjûkemar by Sint-Nyk. It gebiet wie oant de santiger jierren rûch reidlan. Doe't ein santiger jierren de nije A6 oanlein waard troch de Tsjûkemar wienen der by Sint Nyk plannen foar in grut rekreaasjegebiet. Fanút Sint Nyk rûn de dyk dea nei in parkearterrein foar it strantsje. De grutskalige opset is letter net trochgien. Simmerdeis leit der tsjintwurdich in flonder foar deirekreaasje. Yn de moanne july wurdt hjir it Beachrockers Festival hâlden as opfolger fan it eardere Marpop.