UTY
Gimmestykferiening UTY – Untspanning Troch Ynspanning is de gimmestykferiening fan Terkaple-Eagmaryp. UTY is oprjochte yn 1945 en hold syn alderearste útfiering begjin jannewaris 1947 yn 'it Centrum'. De feriening hie doe al 110 leden, fariearend fan skoalbern, opgroeiende jeugd, manlju, froulju en feteranen hearen. In jier letter wie der ek in kleutergroep bykaam en siet it ledetal al op 130.
De gymlessen waarden yn skoalle jûn, mar de jierlikse útfiering wie yn it Centrum. Der wie sa’n soad animo foar dat der 3 jûnen hâlden waarden. De earste jûn spesjaal foar bern, de twadde jûn foar jongfolk en de tredde jûn foar trouden. Op de earste jûn waarden ek de bern útnûge dy’t net op de gymnastyk sieten; se betellen ien dûbeltsje yntree. Op de oare jûnen wie de yntree foar net-leden ien gûne op de jongfolkjûn en 75 sinten op de troudenjûn. Men koe kaarten yn de foarferkeap oanskaffe by it Centrum en dat wie wol nedich, want fol wie fol. Of sa’t op de útnûging stie: kaarten foar de útfiering fan 2 Jannewaris binne foarôf te krijen yn it Centrum op âldjiersdei de middeis fan 2-3. Foar de útfiering fan 6 Jannewaris op sneon de 4e, ek fan 2-3. As der oer binne, ek de jûns oan de seal, mar rekkenje der foaral net op. In jier letter (1948) koenen je tagelyk mei de foarferkeap ek plak besprekke. Dit koste dan 10 sinten it plak. Men die dit “opdat minsken dy’t graach in goed plakje hawwe wolle, der net in oere fan te foaren wêze moatte". Plakken dy lykwols de jûns om healwei achten net beset binne, wurde frij jûn, sels al binne se besprutsen”. As de bern de 2e en 3e jûn harren oefeningen dien hienen, mochten hja net yn de seal sitte, want dat soe te folle plak ynnimme en soe der temin romte oerbliuwe foar it “gewoane” publyk. De bern waarden dan troch ien fan de UTY bestjoersleden nei hûs ta brocht: “de bern wurde eltse jûn troch ien fan ús bestjoersleden thús brocht, it hat dus alhiel gjin sin se op te heljen, foar eltse rûte giet efkes in bestjoerslid mei dy se oan de doar ta bringt. Dit jildt ek foar de bern út Goaiingaryp, dy wy ek stéfêst op 30 Desimber ferwachtsje en dy wy nei de útfiering ek graach op de les hawwe wolle, wêroer al mei master Hofsté praten is, mar dat ta ús grutte spyt noch net ta in útdragende saak kommen is”.
It wie blykber wat let wurden op dy earste bernejûn, want it folgjende jier (1948) mochten âlden harren lytse bern ek sels ophelje: “omdat inkele âlden ferline jier wat brûkel wiene omdat de bern dy earste jûns sa let thús kamen, wolle wy er jimme op wize dat er fan ús kant alhiel gjin beswier is dat se foar ôfrin ophelle wurde, we sille it foar de lytsen sels tige op priis stelle. Wy ûnthjitte jimme dat we nei ôfrin de ben dy net ophelle binne, nei hûs bringe sille, mar wy kinne net op ús nimme om tuskentiids dan de ien en dan de oar fuort te bringen”.
Men begûng op tiid: wy wolle jimme tige oantrúnje om op tiid te kommen. It begjint klokslach healwei achten en wy binne absolút net fan plan te wachtsjen op minsken dy dan noch ûnderweis binne. Tusken de nûmers yn kinne er guods talitten wurde, mar ûnder de nûmers binne de doarren foar elts sluten.
Kuorbal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]UTY hie ek in ôfdieling kuorbal. De kuorbalploech spile yn kompetysjeferbân fanôf 1946 en waard dat jier ek fuort kampioen fan har ôfdieling. Der waard yn datselde jier troch it Fryske Kuorbalbûn en de klups út Den Haach in sportútwikseling op tou setten. UTY woe hjir wol oan meidwaan. Sa hie men al in kear in ploech út Den Haach hjir útfanhûs hân en sels in lang peaskewykein nei Den Haach west. Men spile dan in pear wedstriden tsjin elkoar en gie mei elkoar op en út. De kuorbalploech út Loosduinen woe ek graach meidwaan oan de útwikseling en sa wie dy ploech hjir yn 1947 in wike te gast. Yn de simmer fan 1948 brocht UTY in tsjinbesite oan Loosduinen. De reis waard makke troch 5 froulju en 13 manlju. It wie earst in toer om froulju mei te krijen. Men soe it waarm iten krije by de gasthearen en sels foar de rest soargje. Der waard dus fan te foaren fergadere oer wa’t wat meinimme moast oan potten en pannen, mar ek bûter, thee, sûker ensfh. Dit moast allegearre mei op de fyts, want dat wie it ferfiermiddel. Men soe mei de nachtboat fan De Lemmer nei Amsterdam. Sa sette men op sneon 30 july 1948, jûns om healwei njoggenen it gat op de fyts nei De Lemmer. En doe mar wer fytse, fytse, fytse. Oeren achter elkoar. Sa no en dan even oanstekke en dan mar wer fierder.
De ploech waard ûnderbrocht by in boer dêr’t de jongens yn de skuorre yn it strie sliepten en de famkes yn de hynstestâl. De primus waard yn stelling brocht en fan de boer krigen se noch in petroaljestel te brûken. De jûns kaam de kuorbalploech út Loosduinen te kennismeitsjen en doe kaam de stemming der goed yn.
De deis dêrop moast men foar it earst te waarm iten nei de Loosduinse gastgesinnen. UTY-foarsitter Siebe Van der Ley: mannich hert sloech in bytsje ûnrêstich, hoe soe dit komme? By frjemde minsken hawwe se ek faek hiel frjemde gebrûken dy’t men net wend is nou? En dan dy Hollânske taal en wêr moast men it oer hawwe...? Mar sa njonkenlytsen kaam elts to plak en doe’t se werom kamen, wie it elts parten tafallen. Se hiene allegearre mear as sêd hawn en de measten hie it krekt sa lekker smakke as thús. It iten en drinken wie yn dy jierren noch wol wat oars as hjoeddedei. Men hie gjin frisdrank en chips, mar liet it him wol goed smeitsje. Men kocht bg. in hoanne fan de boer, dy’t troch in pear fan de groep “fakkundich klearmakke waerd” en dêr’t men sop fan siede. Ek waard der fisk kocht en pudding makke: “dy moarns hiene wer guods om fisk nei Scheveningen west en dus bistie it jounsmiel wer út bôle mei itjinge elts der sels op hawwe woe en brette fisk, meastal makreel en skol.
Mar der waard fansels ek in kear as wat kuorballe tsjin Loosduinen en by wat minder waar wienen der útstapkes nei Den Haach en Scheveningen. By moai waar gie it mei syn allen nei it strân. Sa hie men in moaie wike mei syn allen en waarden der in soad kontakten lein mei de ploech fan Loosduinen.
Sneons wer werom op de fyts nei Amsterdam en dêr wer op de boat nei De Lemmer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|