Springe nei ynhâld

Tyrannosaurus

Ut Wikipedy
Holotype eksimplaar yn it Carnegie Museum of Natural History, Pittsburgh
Rekonstruksje

Tyrannosaurus is in skaai yn de famylje fan de Tyrannosauridae. It skaai omfiemet mar in pear soarten, mûglik sels mar ien soarte. de Tyrannosaurus rex, ornaris oantsjut mei allinnich de namme "Tyrannosaurus". (Yn it Ingelsk wurdt de soarte ek wol oantsjut as "T-rex", nei de gewoante om yn skaaibeskriuwings by de nammen fan de soarten de skaainamme ôf te koarten.) It is ien fan de skaaien yn it ûnderskift fan de Theropoda, en dêrmei yn it oerskift fan de Dinosaurussen. De Tyrannosaurus libbe fan 68 oant 65 miljoen jier lyn yn it lette Kryt yn Noard-Amearika.

In folwoeksen Tyrannosaurus koe 13 meter lang en 5 meter heech wurde, mei in gewicht fan 4,5 oant 7 ton. Hy rûn op syn twa efterpoaten. Syn foarpoaten wienen like lang as de earms fan in mins mar elke foarpoat hie mar twa fingers. Dêrtroch hawwe de foarpoaten grif net folle doel hân foar manipulaasje. Lykas de measte soarten yn it ûnderskift fan de Theropoda wie er fleisiter. Yn de earste helte fan de 20e iuw tochten wittenskipslju dat de Tyrannosaurus, lykas oare dinosaurussoarten, kâldbloedich wie en dêrtroch frij traach west hawwe soenen. Sûnt is de wittenskip ta it ynsjoch kaam dat de dinosaurussen earder waarmbloedich west hawwe, en dan wie ek de Tyrannosaurus waarmbloedich. Oan de Universiteit fan Manchester ha se yn 2007 testen dien om te sjen hoe hurd in Tyrannosaurus rinne koe. Neffens de konklúzje fan dat ûndersyk koe de Tyrannosaurus net hurder as 29 km/o.