Springe nei ynhâld

Twerking

Ut Wikipedy
In frou oan it 'twerken'.

Twerking (útspr.: ['twɜ:ɹkɪŋ], likernôch "tweurking") is in seksueel provokative foarm fan dûns dy't ta ynternetraazje wurden is, en dy't nei Jeropa oerwaaien kommen is út 'e Feriene Steaten. Twerking bestiet der út dat men mei de skonken útinoar in ein troch de knibbels sakket en dan mei jins stuten nei efteren ta pearjende bewegings makket. It wurdt ornaris dien troch froulju en mar selden troch manlju. Twerking wurdt ek wol oantsjut as booty shaking ("kontsjeskodzjen") pussy-popping of p-popping ("poeskeklappen" of "poeskeploffen") of de bounce (de "stuiter"). Dizze foarm fan dûns is nau ferbûn oan hiphopmuzyk en wurdt dêrom yn 'e Feriene Steaten oer it algemien assosjearre mei de Afro-Amerikaanske kultuer.

De term 'twerking' is fan ûnbekende oarsprong, mar der besteane ferskate teoryen oer it ûntstean. Sa geane guon lju derfan út dat it om in ferbastering fan it wurd footwork ("fuottewurk") giet, wylst oaren tinke dat it in gearlûking is fan 'e tiidwurden to twist ("draaie") en to jerk ("skuorre"). It blôch fan it Oxford English Dictionary, it standertwurdboek fan 'e Ingelske taal yn Grut-Brittanje, hâldt lykwols út dat it om in ferbastering giet fan it tiidwurd to work ("wurkje"), mei't iere útfierders fan 'e dûns oanmoedige wêze soene mei de útrop Work it! Work it! Der binne oanwizings dat twerking koart nei 2000 ûntstien is yn New Orleans, dêr't it ûnderdiel waard fan 'e strjittaal fan 'e Afro-Amerikaanske jongerein, en tagelyk opkaam mei in pleatslike styl fan hiphopmuzyk dy't bekend stiet as bounce.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.