TwentseWelle

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It gebou út de wyk wei
In toer fan de TwentseWelle

TwentseWelle is in museum foar Twintske streekkultuer yn Ynskedee, oprjochte yn 2008 troch in fúzje fan trije ynstellings: Natoermuseum Ynskedee, it Van Deinse Ynstitút en Museum Jannink. It is fêstige yn in âld tekstylfabryk út 1900.

Mei help fan (ynter)aktive presintaasjes lit TwentseWelle de skiednis fan de minsken yn de streek sjen, fan hoe't minsken de streek nei de lêste iistiid ynkomme ôf en fierder hoe't hja dêr wenjen bleaune (it Grutte Ferhaal'). De natoer, de jacht, it byelkoar garjen, it buorkjen, de ûntwikkeling fan lân nei stêd en streek, it ûntstean fan de yndustry, arbeid, fernieling, technyk en mienskip binne hjiryn de wichtichste ûnderwerpen.

In grutte foarried natuerhistoaryske- en kultuerhistoaryske foarwerpen slút hjirop oan en is te sjen efter glês yn ien fan de grutste fitrines fan Europa. Ferskate diorama's lizze it ferbân mei mondiale tema's as wetter, selsbyld en leauwe. In pronkstik is it folslein neiboude losse hûs, dêr't besikers sa yn en út rinne kinne.

It Museum is op it sels ûntdekken rjochte. Dat hâldt yn dat besikers sels yn kasten sjen moatte, doarke-iepenlûke en harren eigen paad bepale moatte. Ek kin in in audiotoer oanfrege wurde, dêr't by elk foarwerp in ferhaal ferteld wurdt. TwentseWelle is dwaande om dit, neist Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk, ek yn it Twintsk te krijen.

De útjouwerij TwentseWelle jout boeken út, dy't mei de ûnderwerpen fan it Grutte Ferhaal te krijen hawwe.

Neist it fêste Grutte Ferhaal fan Twinte, hat TwentseWelle ek wikseljende tentoanstellings, lykas yn 2009-2010 it ferhaal fan East-Dútslân ûnder it kommunisme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: