Springe nei ynhâld

Kazachsk blau

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Turquoise surf)
Kazachsk blau
kleurkoördinaten
heksadesimaal #00AFCA
RGBª (rgb) (0, 175, 202)
CMYKº (cmyk) (100, 13, 0, 21)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Kazachsk blau of turquoise surf is in kleur dy't beskôge wurdt as in tint fan blau. It is in ljochtblauwige kleur, dy't justjes nei syaan niget.

De flagge fan Kazachstan.

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is Kazachsk blau in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan grien en blau. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, produsearre troch de ferminging fan syaan mei wat maginta (en yn 'e praktyk ek mei wat swart).

De offisjele kleurnamme fan Kazachsk blau is (yn it Ingelsk) turquoise surf. Dêrfan betsjut turquoise "turkwaze", wylst surf de oantsjutting is foar it diel fan 'e see tusken de brâning en it strân yn. De namme 'Kazachsk blau' is lykwols yn gebrûk kommen om't turquoise surf de kleur is fan 'e flagge fan Kazachstan (mei mikadogiel), en sadwaande de nasjonale kleur fan Kazachstan wurden is. Bûten Kazachstan is Kazachsk blau ek bekend wurden as de tenukleur fan 'e troch it regear fan Kazachstan sponsore hurdfytsploech Astana.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: