Springe nei ynhâld

Tuberkuloazemuseum Beatrixoord

Ut Wikipedy
Tuberkuloazemuseum Beatrixoord
  museum
Röntgenlaboratoarium Friesch Volkssanatorium
Röntgenlaboratoarium Friesch Volkssanatorium
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Flagge fan Eaststellingwerf Eaststellingwerf
plak Flagge fan Appelskea Appelskea
adres Sanatoriumweg
koördinaten 52° 56' N 6° 20' E
Algemiene gegevens
wurkmêd Tuberkuloaze
oprjochting 2002
opheft 2017
Arsjitektuer
type gebou Sanatoarium
subtype laboratoarium foar röntgen ûndersyk
boujier 1922
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 514116
Kaart
Tuberkuloazemuseum Beatrixoord (Eaststellingwerf)
Tuberkuloazemuseum Beatrixoord
Lokaasje yn Eaststellingwerf

Tuberkuloazemuseum Beatrixoord yn Appelskea wie in museum dat in byld fan it sanatoarium foar tuberkuloaze dat fan 1922-1963 yn de bosken fan Appelskea stie, probearre te jaan.

It eardere röntgenhûs (ryksmonumint) op it sanatoariumterrein, in ûntwerp fan arsjitekt Melle Oenes Meek (1888-1962), is sûnt 2002 ynrjochte as museum. Dêr is in permaninte tentoanstelling te sjen oer de mear as 100-jierrige skiednis fan de tuberkuloazebestriding yn it Noarden. Yn it museum draait in fideo oer siik-wêze en wurkje yn it sanatoarium yn de sechtiger jierren. Ald-pasjinten en eartiidske meiwurkers ferhelje dêr oer harren sanatoariumherinneringen.

In protte âld-pasjinten hawwe de ôfrûne jierren it paad nei it museum fûn. Faak wienen sy beselskippe fan harren bern of fan pake- en beppesizzers. De ferhaaltsjes yn it gasteboek litte sjen dat de útwurking fan tuberkuloaze op de pasjinten, mar ek op harren húshâlding, grut wie. Neist alle fertriet - en miskyn wol dêrtroch - wie de ienichheid ûnder pasjinten en personiel tige grut. Der waard gûld, feeste, lake en der ûntstienen freonskippen dy't lang bestean bleaun binne.

Op it terrein is tsjintwurdich OlmenEs fêstige, in wen- en wurkmienskip foar minsken mei in ferstanlike beheining. In oantal bewenners is op wurkdagen gasthear of gastfrou yn it museum. In groep frijwilligers út Appelskea en Aalden behearde om bar it museum op de sneonen dat it museum iepene wie en yn de skoalfakânsjes yn de simmer. De frijwilligers hiene sels yn it sanatoarium wurke of wienen op oare manieren belutsen by it sanatoarium. It museum sleat ein 2017 de doarren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: