Springe nei ynhâld

Slûs I (Tsjonger)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tsjonger Slûs I)
Slûs I

Slûs I is in slûs yn de Tsjonger út 1888, tichtby Nijhoarne.

It hichteferskil is sawat 1 meter. Oan de boppeside stiet in fytsbrêge. Dizze wurdt mei de hân draaid. Njonken de slûs stiet in slûswachterswente.

De slûs hat in pompynstallaasje. By lege wetterstân kin der gebietseigen wetter oppompt wurde.

De Dútsers hawwe op har weromtocht yn 1945 de Tsjongerbrêge rjochting Aldhoarne springe litte.