Tsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan Pskov

Ut Wikipedy
Псков наследие-ЮНЕСКО коллаж.jpg

De Tsjerken fan de Arsjitekturale Skoalle fan Pskov waarden yn july 2019 tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Foardracht[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 waarden de monuminten fan it âlde Pskov foardroegen oan UNESCO. Dêrby waarden ek monuminten út de regio opnommen lykas Izborsk. Ek waard it kremlyn fan Pskov yn it ramt fan de Kremlyns fan Ruslân oandroegen. De foardracht waard lykwols yn 2012 ôfwiisd.

Yn 2015 waard wurke oan in nije nominaasje ûnder de namme "Monuminten fan it âlde Pskov". It fersyk omfieme 18 lokaasjes, dy't benammen yn it histoaryske sintrum fan Pskov steane. Om't de dokumintaasje net folslein wie moast yn 2018 in nije oanfraach yntsjinne wurde, dy't yn de 43e sitting fan it UNESCO Wrâlderfgoedkomitee yn Bakû yn 2019 goedkard waard. Fan de achttjin lokaasjes waarden der tsien monuminten goedkard foar it predikaat wrâlderfgoed.

Yn de takomst besiket it oblast Pskov it tal monuminten op de UNESCO-list te ferheegjen, mar dan sille der earst noch restauraasjes plakfine moatte, itjinge noch grutte ynvestearings easket.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De groep bestiet út tsjerken, katedralen, kleasters, tuorren en oare gebouwen yn de histoaryske stêd Pskov. Se fertsjintwurdigje de Pskov-Arsjitektuerskoalle mei skaaimerken lykas kubyske folumes, koepels, portiken en tuorren, wêrfan't dielen oant yn de 12e iuw werom geane. De gebouwen binne beynfloede troch de byzantynske en Novgorod-arsjitektuer. De foar Pskov en omkriten typyske arsjitektuer ûntwikkele him yn de 15e en 16e iuw ta in hichtepunt en droech fiif iuwen by oan de ûntwikkeling fan de Russyske arsjitektuer.[1]

Ofbyld Nû.[2] Namme Boutiid Oerflak (buffersône) Lokaasje
Собор Рождества Иоанна Предтечи.JPG 1523-001 De Jehannes de Doperkatedraal fan it eardere Ivanovski-kleaster 12e of 13e iuw 0,73 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 19' E
Pskov asv07-2018 various56 Mirozhsky Monastery.jpg 1523-002 Mirozjski-kleaster mei de Transfiguraasjetsjerke 12e iuw 14,4 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 19' E
Pskov asv07-2018 various03 Michael and Gabriel Church.jpg 1523-003 Tsjerke fan de aartsingels Michael en Gabriel fan Gorodets 14e iuw 0,55 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 20' E
Pskov asv07-2018 various53 Intercession at Prolom.jpg 1523-004 Tsjerke fan de Berte en Foarbea fan de Jongfaam Marije 15e-16e iuw 0,14 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 20' E
Pskov asv07-2018 various35 Gremyachaya Hill.jpg 1523-005 Kosmas en Damianustsjerke 15e-17e iuw 0,14 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 20' E
Pskov asv07-2018 various58 StGeorge soVzvoza.jpg 1523-006 Sint-Joaristsjerke 15e iuw 0,22 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 19' E
Псков Храм Богоявления Господня.jpg 1523-007 Epifanytsjerke 15e iuw 0,24 ha
(387 ha)
57° 49' N 28° 20' E
Pskov StNicholaChurch soUsokhi3.JPG 1523-008 Sint-Nikolaastsjerke 16e iuw 0,25 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 20' E
Pskov ChurchStBasil Hill5c.jpg 1523-009 Sint-Basiliustsjerke fan de Heuvel 15e iuw 0,2 ha
(387 ha)
57° 48' N 28° 20' E
Pskov SnetogorskyMon Cathedral.jpg 1523-010 Snetogorski-kleaster mei de Bertetsjerke fan de Mem Gods 14e-16e iuw 2,45 ha
(248,6 ha)
57° 50' N 28° 15' E

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. (ned) Kerken van de Pskov Architectuurschool, side UNESCO, oproppen 5 febrewaris 2020
  2. (in) Churches of the Pskov School of Architecture, UNESCO, oproppen 5 febrewaris 2020