Ivanovski-kleaster (Pskov)

Ut Wikipedy
Ivanovski-kleaster

Ивановский монастырь

bouwurk
De katolikon fan it eardere kleaster
De katolikon fan it eardere kleaster
lokaasje
lân Ruslân
oblast Pskov
plak Pskov
adres Ulitsa Maksima Gorkogo, 1
koördinaten 57° 49' N 28° 19' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1124-1127 of 1240-1243
arsjitekt ûnbekend
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 611210001650006

It Kleaster fan de Berte fan Jehannes de Doper (Russysk: Ивановский монастырь; Ivanovski monastyr) wie eartiids in russysk-otterdoks kleaster yn Pskov. Ferneamd is de oan Jehannes de Doper wijde katedraal fan it kleaster, ien fan de âldste tsjerken fan Ruslân, dy't werom giet op de earste helte fan de 12e iuw. De tsjerke stiet yn it sintrum oan de linker kant fan de rivier de Velikaja, tichteby it kremlyn fan Pskov.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal foar de restauraasje fan 1949-1959

De bou fan de katedraal wurdt tradisjeel holden op it begjin fan de jierren 1240. Publisearre stúdzjes yn 1970-1980 fan in lokale arsjitekt, Sergej Michailov, wolle ha dat de katedraal âlder is en tusken 1124 en 1127 boud waard. It kleaster wurdt foar it earst neamd yn 1243. Neffens de tradysje waard de katedraal stifte troch prinses Efrosinija, de frou fan prins Jaroslav Vladimirovitsj fan Pskov, dy't ûnder de namme Eupraksija non waard yn it kleaster. Yn 1243 ferstoar hja en waard se yn de katedraal by de noardlike muorre begroeven. Letter waarden mear prinsessen non yn it kleaster en ek hja waarden yn de katedraal begroeven.

Yn 1615 waard by it Sweedske belis fan Pskov it kleaster beset troch de troepen fan Sweden en rekke de katedraal slim skeind. Oan it monastike libben kaam mei in dekreet fan 16 septimber 1923 in ein en de katedraal waard yn de rin fan de tiid brûkt as garaazje, as opslach (earst foar koal en letter foar papier fan de lokale printerij) en as museum. Krusen en klokken waarden ferwidere en yn 1925 waard it tsjerkhôf fan it kleaster sljochte. Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke by de striid om de befrijing fan de stêd fierder skansearre troch brân, mar yn de jierren 1949-1959 folge in restauraasje.

De katedraal waard yn 1991 werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en yn 2007 ûnderbrocht by it Kripetski-kleaster.

De Jehannes de Doperkatedraal is it iennige tsjerklike monumint yn Pskov dat neffens de tradysje fan de Novgorod-arsjitektuer fan de 12e iuw boud waard. It wie ien fan de earste stiennen tsjerken fan de stêd en toant fierder gjin oerienkomsten mei de ferneamde Pskov-arsjitektuer. It is ek de iennige tsjerke wêrfan't de helmfoarmige koepels rekonstruearre binne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: