Tsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsjy)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ferlossertsjerke

Спасская церковь

Храм Нерукотворного Образа Христа Спасителя.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Kraj Flag of Krasnodar Krai.svg Kraj Krasnodar
plak Flag of Sochi (Krasnodar krai).svg Sotsjy
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2012-2014
arsjitekt Fjdor Ivanovitsj Afûksenidy
boustyl Neobyzantynske arsjitektuer

De Tsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Russysk: Храм Нерукотворного Образа Христа Спасителя; ek: Ferlossertsjerke) is in otterdokske tsjerke yn de Russyske stêd Sotsjy. De tsjerke waard tusken 2012 en 2014 boud njonken it olympysk kompleks foar de Olympyske Winterspullen 2014.

Skiednis en beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan de tsjerke sette op 29 augustus 2012 útein. De foltôge tsjerke waard op 3 jannewaris 2014 ynwijd. De russyske presidint Vladimir Pûtin wenne op 6 jannewaris 2014, tidens it otterdokske Krystfeest, in tsjinst by.

Ynterieur

Foar de nijbou wie de earste stien ôfkomstich fan de resten fan in âlde byzantynske tsjerke út de 9e iuw, dy't yn 2010 ûntdutsen waarden. Noch foar de stifting fan de Kiëvse Rûs waarden hjir kristlike martlers begroeven. De 43 meter hege tsjerke stiet op in twa ferdjippings tellende basis, dy't ornearre is foar konferinsjes en útstallings, wêrûnder in útstalling oer de skiednis fan it Kristendom yn de Kaukasus. Oan de westlike kant stiet in lytse klokketoer.

Oan it beskilderjen fan de muorren fan de tsjerke wurken 25 keunstners fan de Russyske Akademy fan Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer. De fresko's waarden yn fjouwer moannen oanbrocht en fertsjintwurdigje de styl fan Art Nouveau en it realisme dy't tinken dogge oan it wurk fan Viktor Vasnetsov. Bibelske karakters en ingels hawwe lykwols in eigen karakter.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]