Tsjerke fan de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin (Kazan)

Ut Wikipedy
Tichvin-tsjerke

Храм Тихвинской иконы Божией Матери
Казан Тихвин чиркәве

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten 55° 47' N 49° 06' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1646—1685
boustyl Barok mei neoklassisistyske eleminten
monumintale status Monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 1600181000

De Tsjerke fan de ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin (Russysk: Храм Тихвинской иконы Божией Матери; Tataarsk: Казан Тихвин чиркәве), of koartwei de Tichvin- of Tichvinskajatsjerke, is in barok tsjerkegebou yn Kazan, Ruslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard boud tusken 1646 en 1685. Fanôf it begjin besiet de tsjerke in ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin, mar lang bleau it in lyts, net opfallend tsjerkje foar in lytse parochy yn de Ald-Tataarske delsetting fan Kazan. Dat feroare doe't de Tichvin-ikoan fanôf 1844 de namme krige fan wûnderdiedich. Doe't yn 1859 by in brân yn de delsetting ek nochris in fizioen sjoen waard fan de Mem Gods boppe de tsjerke en de brân dêrnei dôve, makke dat grutte yndruk op de Kazaner befolking. De pylgers dy't dêrnei de tsjerke besochten brochten in soad jild yn 'e ponge en makke tsjin it ein fan de 19e iuw in grutte ferbouwing en útwreiding mooglik. De tsjerke krige doe it hjoeddeiske oansjen yn in styl, dy't karakteristyk wie yn Ruslân tsjin it ein fan de 19e iuw.

De ferfallen tsjerke yn de jierren 1990

Sovjettiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke bleau iepen oant 8 oktober 1938. Dêrnei rekke de tsjerke slim yn ferfal. It 19e-iuwske sierstek om de tsjerke waard ferneatige.

Weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 folge it werom jaan fan de ferrinnewearre tsjerke oan it bisdom Kazan, dy't de tsjerke oerdroech oan in etnyske minderheid, de Krjasjeni. De Krasjeni binne in folk fan doopte Tataren en foarmje in subgroep fan de Wolga-Tataren. De Tichvin-tsjerke is it sintrum fan alle parochy's fan de mienskip en se hawwe dêr in sneinsskoalle en in eigen koar en der wurdt yn gearwurking mei it Russysk Bibelgenoatskip yn Sint-Petersburch wurke oan de oersetting fan de Hillige Skrift yn de taal fan de Krjasjens. By de tsjerke waard yn 2015 in museum iepene oer de skiednis en kultuer fan de Krjasjens. Ek de tsjinsten fine yn harren eigen taal plak.

Tichvin-ikoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ikoan fan de Mem Gods fan Tichvin waard nei de wûnderlike genêzings en de brân fan 1859 ien fan de wichtichste hillichdommen fan de stêd en wurdt tsjintwurdich yn de Sint-Nikolaaskatedraal bewarre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Тихвинской иконы Божией Матери (Казань)