Springe nei ynhâld

Tsjerke fan de Mem Gods fan de Boarne Dy't Libben Jout (Tsaritsyno)

Ut Wikipedy
Tsjerke fan de Mem Gods fan de Boarne Dy't Libben Jout

Живоносовская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
adres Ul. Dolsky 2
koördinaten 55° 37' N 37° 40' E
Arsjitektuer
boujier 1722
boustyl barok
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 7710115026
Webside
spring-life.ru
Kaart
Tsjerke fan de Mem Gods fan de Boarne Dy't Libben Jout (Moskou-Ringwei)
Tsjerke fan de Mem Gods fan de Boarne Dy't Libben Jout

De Tsjerke fan 'e Mem Gods fan de Boarne Dy't Libben Jout (Russysk: Храм иконы Божией Матери «Живоносный Источник»), of ek wol de Zjivonosovskaja-tsjerke, is in otterdokske tsjerke fan it dekanaat Danilov yn it bisdom Moskou. De tsjerke waard yn 'e 18e iuw boud yn 'e styl fan 'e Elizabethaanske barok en stiet yn it súdlike distrikt fan 'e Russyske haadstêd op it museum- en lânskipspark Tsaritsyno.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste stienen tsjerke waard yn 1722 yn opdracht fan 'e Moldaavske prins Dimitry Kantemir op it plak fan in houten tsjerke boud. Tusken 1759 en 1765 waard de tsjerke yn opdracht fan syn soan Matvej Dimitrivitsj Kantemir op 'e nij boud en waard ta neitins fan syn heit de Demetriuskapel oanboud. Oant 1775 tsjinne de tsjerke as it lêste rêstplak foar de Kantemirs. Doe gyng it lângoed oer op Katarina II om dêr in paleis te bouwen. Yn 'e 19e iuw ûndergyng de tsjerke in grutskalige renovaasje. Der waard in nije kapel fan Us Leaffrou fan Kazan oanboud, de refter waard langer makke en de klokketoer waard ferhege, sadat de tsjerke kwa hichte it paleis fan Tsaritsyno oertrof.

Oant it sluten fan 'e tsjerke troch de ateïstyske oerheid yn 1939 wie de tsjerke in parochytsjerke. As offisjele reden foar it sluten joech de oerheid op dat de skulden net op 'e tiid betelle wiene. De tsjerke tsjinne earst as transformatorhûs en dêrnei waard de tsjerke oerdroegen oan in printerij. Sûnt 1975 huze der in timmerbedriuw.

De tsjerke waard yn 1990 werom jûn oan de otterdokske mienskip en op 'e nij ynwijd. De restauraasje fan it bouwurk waard yn 1998 ôfsletten.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yn 'e saneamde Elizabethaanske barok boude tsjerke bestiet út in klokketoer, in refter, in achthoekige haadtsjerke mei koepel en in noardlike kapel ta eare fan 'e hillige Demetrius en in súdlike kapel ta eare fan Us Leaffrou fan Kazan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм иконы Божией Матери «Живоносный Источник» в Царицыне