Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren mem Sofia (Moskou)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren mem Sofia
Churches in Moscow (26746518891).jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow, Russia.svg Moskou
adres krusing Leninsky Prosp./Ul. Mjklûcho-Mahlaja (Ленинский проспект/Улица Миклухо-Маклая)
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 2011-2012
arsjitekt A.A. Anisimov

De Tsjerke fan de Hillige Martlers Leauwe, Hope en Leafde en harren wize mem Sofia (Russysk: Храм Святых мучениц Веры, Надежды, Любови и премудрой матери их Софии) is in tsjerkegebou yn de Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke waard wijd oan de hillige Sofia en har, nei de trije kristlike deugden ferneamde, dochters dy't ûnder keizer Hadrianus de martlersdea ferstoaren om't hja wegeren oan de goaden fan de keizer te offerjen. It tsjerkegebou stiet yn it súdwestlik okrûg (stedsdistrikt) fan Moskou oan de krusing fan de Leninsky Prospekt en de Ulitsa Mjklûcho-Mahlaja.

Yn de moannen febrewaris-april 2011 waarden de fundearings foar de nije tsjerke lein.

De tsjerke falt ûnder it bisdom Moskou fan de Russysk-Otterdokske Tsjerke en waard boud op fersyk fan de âlders fan de pasjinten fan it "Nasjonaal Medysk Undersykssintrum fan pediatryske hematology, onkology en ymmunology Dmitry Rogachev", in klinyk dy't spesjalisearre is yn it behanneljen fan in tal earnstige bernesyktes.

Ynterieur

By de dekoraasjes fan de tsjerke hawwe de arsjitekten en keunstners rekken holden mei de jonge parochianen fan de tsjerke. Op in foar bern begryplike wize wurde de wichtichste ferhalen út de evangeeljes werjûn. De muorren fan de narteks lieten de keunstners lykwols keal, om se te reservearjen foar wurk fan de bern sels. Foar dat doel makken bern 30 tekenings oer it Skeppingsferhaal en dy tekenings binne mei help fan de keunstners troch de bern op de muorren as mozaïken of muorreskilderings oanbrocht.

Op 2 septimber 2012 fersoarge de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân Kirill II de grutte wijing en de godlike liturgy fan de nije tsjerke.

De tsjerke is allinne tagonklik foar de pasjinten en harren âlders en artsen en frijwilligers fan de klinyk. Om ynfeksjes tefoarren te kommen is de tsjerke sletten foar oaren.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: