Tsjerke fan de Hillige Martinus de Belider (Moskou)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Martinustsjerke

Мартининская церковь

Церковь Мартина Исповедника 7.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow.svg Moskou
adres Ulistsa Aleksandr Solzjenitsyn
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1792-1806
arsjitekt Rodion Rodionovitsj Kazakov
boustyl Klassisisme
oare ynformaasje
webside st-martin.moseparh.ru

De Tsjerke fan de Hillige Martinus de Belider (Russysk: Церковь Святого Мартина Исповедника) is in otterdokske tsjerke yn Moskou, Ruslân. De tsjerke stiet oan de Ulistsa Aleksandr Solzjenitsyn yn it tsjintwurdige stedsdiel Tanganksy, dat ea ûntstien is út de sloboda Taganskaja, in delsetting fan gieljitters.

De tsjerke falt ûnder it Pokrovskoje dekanaat fan it bisdom Moskou. It haadalter fan de tsjerke is wijd oan de himelfeart en hat twa kapellen, dêr't ien fan wijd is oan de hillige paus Martinus, dêr't de tsjerke nei ferneamd waard.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Unbekend is wannear't hjir foar it earst in tsjerke stie, mar nei alle gedachten stie der al yn 1502 in tsjerke op it plak. Foar it earst waard dizze tsjerke yn 1625.

De hjoeddeiske Martinustsjerke waard tusken 1792 en 1806 boud en hie slim te lijen fan de brân fan Moskou yn 1812 en de restauraasje dêrfan duorre oant 1821. De tsjerke wie in simmertsjerke en krige pas yn 1904 ferwaarming om ek winterdeis de earestsjinst fiere te kinnen.

Nei't de bolsjewiken oan de macht kamen ferlear de tsjerke it liturgysk reau en yn 1931 waard de tsjerke sletten. It bouwurk tsjinne yn de Sovjet-tiid as argyf foar in filmstudio, dêrnei brûkte in organisaasje dy't sich dwaande hold mei Russyske publikaasjes de tsjerke en fanôf de jierren 1980 wie der in computersintrum ûnderbrocht fan in Moskous ûndersykynstitút.

Yn 1996 krige de Russysk-Otterdokske Tsjerke it gebou werom. Op 28 maaie 1998 fersoarge patriarch Aleksius II de grutte konsekraasje fan de tsjerke.

Arjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke heart ta de moaiste foarbylden fan klassisistyske arsjitektuer yn Moskou en waard boud yn de foarm fan in latynsk krús. De haadkoepel fan de tsjerke hat in trochsnit fan 17 meter. De hoeken fan de sintrale bou drage fjouwer koepels, dy't in stik lytser binne. Oan de westlike kant fan de tsjerke stiet in trije ferdjippings en 60 meter hege klokketoer, dy't oant de jierren 1820 noch frijsteand wie.

Yn de tsjerke binne de muorrefresko's fan Antonio Claudio bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]