Tsjerke fan de Foarbea fan ús Mem Gods yn Jasenevo
Foarbeatsjerke
Покровская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
adres | Ul. Ajvazovski | |
koördinaten | 55° 36' N 37° 32' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | V.I. Kozlov, L.A. Petrova | |
boujier | 2008-2015 | |
boustyl | neobyzantynske arsjitektuer | |
Webside | ||
hrampokrov.ru | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan de Foarbea fan 'e Mem Gods (Russysk: Храм Покрова Пресвятой Богородицы в Ясеневе) is in otterdokske tsjerke yn Moskou, Ruslân. De tsjerke stiet yn it distrikt Jasenevo fan it súdwestlike okrûg. It jild foar de bou fan 'e tsjerke mei in útsûnderlike rike ynrjochting fan mozaiken waard byinoar sammele troch likernôch 800.000 gewoane minsken en organisaasjes. Bysûnder is ek dat de measte mozaiken net troch profesjonele keunstners makke binne, mar troch frijwilligers.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jasenevo is ien fan 'e meast befolke gebieten fan Moskou en oant koartlyn wiene der mar twa lytse otterdokske tsjerken. De histoaryske tsjerken fan Petrus- en Paulus en Us Leaffrou fan Kazan koene net alle leauwenden plak jaan en dêrom waard it yn 2001 needsaaklik achte om in grutte otterdokske tsjerke te bouwen.
De tsjerke moast ek in monumint wurde om de militêre beskerming fan 'e haadstêd te betinken. Dêrta waard in plan makke om de muorren fan 'e tsjerke te fersieren mei grutte stiennen krusen, dy't de fjildslagen om Moskou hinne symbolisearje. It Russyske leger rekke oandien fan it plan en in soad soldaten begûnen jild te offerjen foar de noch te bouwen tsjerke.
It naam sân jier om 'e bougrûn te krijen, de nedige fergunnings fan de oerheid en in ûntwerp te krijen en nei't al earder in tydlike tsjerke boud wie, waard op 30 juny 2009 in plechtige rite op it plak fan 'e stifting fan 'e tsjerke holden en troch patriarch Kirill de earste stien lein.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De arsjitektuer fan 'e tsjerke ferwiist nei byzantynske en russyske boutradysjes. De tsjerke hat as oerflak in krúsfoarm en wurdt bekroand mei fiif koepels. De fergulde haadkoepel stiet symboal stiet foar Kristus en de fjouwer lytsere koepels, symboalen foar de fjouwer evangelisten, binne blau ferve en dekorearre mei gouden stjerren.
Binnen is de tsjerke útsûnderlik ryk fersierd mei mozaiken yn 'e styl fan 'e Sisyljaanske katedralen. De Foarbeatsjerke is ien fan 'e tsjerken mei it grutste oerflak oan mozaiken fan 'e wrâld. Boppe it haadalter is in mozayk fan in ûnbidich grutte Kristus Pantokrator oanbrocht.
De benedentsjerke is wijd oan 'e Aartsingel Michael en tsjinnet as dooptsjerke. Yn it midden fan 'e benedentsjerke stiet it doopfont fan wyt marmer. Dêrnjonken binne yn 'e benedentsjerke tal fan krekte rekonstruksjes te finen fan pylgerplakken út it Hillige Lân.
Fieders meitsje in sneinskoalle, in boekhannel en in konferinsjeseal diel út fan de bou.
Ofbylden ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|