De sealtsjerke út 1870, op de fûneminten fan in âldere tsjerke, hat oan de eastside in geveltoer dy’t beklaaid is mei sink. De liedklok komt út de 14e iuw. By de tsjerke-ynventaris heart in oerkape hearebank en in preekstoel (17e iuw). It oargel út 1897 is makke troch Bakker & Timmenga. Op de oargelbalustrade stiet: ‘’Ter nagedachtenis van vrouwe Octavia Cornelia Suzanne van Swinderen. Weduwe van C. Star Numan’’. De tsjerke wurdt ek De Haven neamd. Yn 2010 waard de wynhoanne fan de ynsnoerde naalspits helle.
Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4