De Haven (Sondel)
De Haven | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | Sondel | |
adres | Beuckenswykstrjitte 4 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1870 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 15935 [1] | |
offisjele webside | ||
Webstee tsjerklike gemeente |
De Haven yn Sondel yn de gemeente Súdwest-Fryslân is in tsjerke fan de protestantske gemeente Aldemardum-Nijemardum-Sondel. Fanwegen it oargel, de preekstoel en de hearebank is de tsjerke in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1150 en 1350 waard der in grutte tsjerke yn Sondel mei in foarse toer boud. Dy oan de apostel Andréas wijde tsjerke baarnde yn 1495 út. Op it plak waard dêrnei in lytsere en ienfâldige tsjerke boud. De 14e-iuwske klok hat nei alle gedachten noch yn de grutte tsjerke hongen. De tsjerke bleau oant 1640 katolyk en is yn dat jier oergien yn hannen fan protestanten.
Yn 'e earste helte fan de 19e iuw baarnde de tsjerke wer ôf. De ferfanger fan dy tsjerke bleau net lang stean want yn 1869 waard op de fûneminten fan it âldere tsjerkje de hjoeddeiske tsjerke boud. De stiennen flier fan grêfstiennen ferdwûn ûnder in flier fan planken. Dy tsjerke waard yn de jierren 1950 restaurearre.[2]
De herfoarme gemeenten fan Sondel, Aldemardum en Nijemardum fusearren nei in 'Samen-op-Weg'-proses yn 2007 mei de Grifformearde tsjerke fan Nijemardum ta ien PKN-gemeente. Yn dat jier makken de gleskers Ton de Bruin en Johannes Boersma foar de tsjerke in brânskildere raam fan Jezus yn de hôf.[3]
De tsjerke is yn de jierren 2013-2014 renovearre en it ynterieur krige by dy gelegenheid de oarspronklike kleuren werom. Alles hat fan 't plak west en is op 'e nij stúkt en skildere. Fierder binne der banken ferwidere en stuollen delset, dy't nofliker sitte. By de renovaasje waarden ûnder de flier ek de âlde grêfsarken ûntdutsen.[4]
De toer waard yn 2015 ferfongen. By dy gelegenheid is de toer likernôch twa meter ferhege, lykas de sitewaasje ek foar 1957 wie. De hoanne, dy't al yn 2010 fan de gammele toer helle wie, is doe ek wer op de nije spits set. Troch de gruttere galmgatten draacht it lûd fan de klok ek fierder.[5]
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De iken preekstoel datearret fan de 17e iuw. Yn de tsjerke binne twa oerkape banken, dêrfan is de famyljebank ek 17e-iuwsk. Yn it midden fan de seal kin in diel fan de houten flier iepene wurde om in pear monumintale grêfsarken foar it ljocht te heljen.[6]
De klok yn de dakruter hat noch yn de katolike tsjerke hongen en is 14e iuwsk. Unbekend is wa't de klok getten hat.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel út 1897 is makke troch Bakker & Timmenga. Op de oargelbalustrade stiet: Ter nagedachtenis van vrouwe Octavia Cornelia Suzanne van Swinderen. Weduwe van C. Star Numan.
Oare tsjerken fan de PKN gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oare tsjerken fan de PKN-gemeente binne:
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|