Tsjerke fan Kreta
Tsjerke fan Kreta | ||
De Agios Minoskatedraal te Heraklion, de sit fan 'e aartsbiskop fan Kreta. | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Tsjerke fan Kreta | |
stifting | 64 n.Kr. | |
ûnôfhinklik | 1900 | |
erkenning | 1900 (Oek. Pat. f. Konstantinopel) 1961 (Grykske steat) | |
titel primaat | aartsbiskop fan Kreta | |
sit primaat | Heraklion, op Kreta (Grikelân) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | eastersk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Hellenistysk Gryksk | |
ledetal | 620.000 | |
webside | ekklisiakritis.com |
De Tsjerke fan Kreta (Gryksk: Ἐκκλησία τῆς Κρήτης, Ekklisia tis Kritis), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't ûnderdiel útmakket fan wat wol de Gryksk-Otterdokse Tsjerke neamd wurdt, mar wat eins in groep ûnderskate tsjerken op Gryksk-otterdokse basis is. It is in selsbestjoerende tsjerke dy't ûnder it gesach fan it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel falt. De Tsjerke fan Kreta is yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken, en stiet ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskop fan Kreta.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eastersk-otterdokse tsjerke op Kreta is stifte yn it jier 64, troch de apostel Paulus. Nei it Grutte Skisma fan 1054, wêrby't it ta in definitive brek kaam tusken de Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk-otterdokse tsjerken, foel Kreta iuwenlang streekrjocht ûnder it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel, ek nei't dat ûnder Turksk tafersjoch kaam te stean nei't de Osmaanske Turken yn 1453 Konstantinopel ynnommen hiene. Pas yn 1900 krige de Kretinzyske tsjerke selsbestjoer, nei't Kreta twa jier earder ûnder bûtenlânske druk in autonoom gebiet binnen it Osmaanske Ryk wurden wie.
Yn 1908 waard Kreta nei in anty-Turkske opstân op it eilân troch Grikelân anneksearre, wat yn 1912, ûnder it Ferdrach fan Boekarest, formalisearre waard. Sa krige de Grykske steat doe twa Gryksk-otterdokse steatstsjerken binnen syn grinzen (de Tsjerke fan Kreta en de Tsjerke fan Grikelân), in sitewaasje dy't oant hjoed de dei ta fuortduorret.
Hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsjerke fan Kreta is hjoed de dei noch altiten in steatstsjerke; de salarissen en pinsjoenen fan 'e geastliken wurde betelle troch de steat en binne kwa hichte ferlykber mei dy fan leararen. Religieuze houliken en dopen útfierd troch de Tsjerke steane foar de Grykske wet gelyk mei it boargerlik houlik en ynskriuwings yn it boargerlik berteregister. It wurdt as net mear as normaal beskôge dat it Grykske regear him bemuoit mei de beneamings fan hege geastliken binnen de Tsjerke fan Kreta (en trouwens likegoed binnen de Tsjerke fan Grikelân).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |