Tsjerke fan Jehannes de Evangelist ûnder de Yp (Moskou)

Ut Wikipedy
Jehannes de Evangelisttsjerke

Иоаннобогословская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 45' N 37° 37' E
Arsjitektuer
arsjitekt Simon P. Obitajeva, Leonti P. Carloni
boujier 1825-1837
boustyl klassisisme, empire
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771420762710006
Kaart
Tsjerke fan Jehannes de Evangelist ûnder de Yp (Moskou)
Tsjerke fan Jehannes de Evangelist ûnder de Yp

De Tsjerke fan Jehannes de Evangelist ûnder de Yp (Russysk: Храм Апостола Иоанна Богослова под Вязом) is in otterdokske tsjerke yn 'e Russyske haadstêd Moskou. De tsjerke falt ûnder it Iverski-dekanaat yn it Moskouse stedsbisdom en wie fan 1934 oant 2011 in dependâns fan it Skiednismuseum fan Moskou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiednis fan 'e tsjerke giet werom oant 1493, doe't in earste houten tsjerke boud waard. Letter waard de tsjerke ferfongen troch in stiennen tsjerke, dy't hieltyd wer op 'e nij boud waard. De hjoeddeiske tsjerke datearret út de tiid 1825-1837. De tafoeging ûnder de Yp hat te krijen mei de ûnbidich grutte yp, dy't hjir oant yn 'e dagen fan Katarina de Grutte stien hat.

De Jehannestsjerke waard yn 'e Sovjet-tiid yn 1925 foar de earetsjinst sletten en sûnt 1934 oerdroegen oan it stedsmuseum. Fan 'e koepel waard de sipel mei it krús ferwidere en de klokketoer ferlear de spitse bekroaning. Yn 'e tsjerke waarden ferdjippings oanbrocht en it oarspronklike ynterieur gyng útsein fragminten fan stúkwurk folslein ferlern.

Fan ôf 2011 is it gebou wer oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Sûnt dy tiid siert op de koepel fan de tsjerke ek wer in sipel mei in krús. De Jehannestsjerke is de hûstsjerke fan de Russysk-Otterdokske Universiteit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Храм Апостола Иоанна Богослова под Вязом