Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Jehannes Krysostomos (Jaroslavl)

Ut Wikipedy
Jehannes Krysostomostsjerke

Златоустовская церковь

Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 36' N 39° 54' E
Arsjitektuer
boujier 1649-1654
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761410075260016
Webside
Side fan de tsjerke
Kaart
Tsjerke fan Jehannes Krysostomos (Jeropeesk Ruslân)
Tsjerke fan Jehannes Krysostomos

De Tsjerke fan de Hillige Jehannes Krysostomos (Russysk:) Церковь Иоанна Златоуста; Tserkov Ioanna Zlatousta) is in tsjerke fan 'e âldleauwigen yn Jaroslavl, Ruslân. De tsjerke waard boud tusken 1649 en 1654 en stiet op it plak, dêr't de Kotorosl yn 'e Wolga streamt. De bruorren Nezjdanov, rike keaplju út Jaroslavl, makken de bou finansjeel mooglik. Njonken de Jehannes Krysostomostsjerke stiet de Us Leaffrou-fan-Vladimirtsjerke, dy't foar winterdeis tsjinne en ferwaarme wurde koe.

De earste, doe noch houten tsjerke yn de sloboda Krovniki waard boud yn 'e 16e iuw. Yn dy delsetting holden de ynwenners harren dwaande mei it hâlden fan fee, túnkjen, fiskjen, pottebakkerij en it meitsjen fan porslyn. Yn 1649 sette de bou fan in stiennen tsjerke útein. It wienen de bruorren Fjodr en Ivan Nezjdanov, dy't it jild foar de bou beskikber stelden. De súdlike sydkapel tsjinne as lêste rêstplak fan 'e bruorren. Fiif jier letter wie de tsjerke klear.

De fresko's fan it ynterieur waarden net earder as yn 'e jierren 1730 oanbrocht. Al efkes earder waard de otterdokse tsjerke fan Us-Leaffrou-fan-Vladimir foltôge, dy't te ferwaarmjen wie en troch de parochy winterdeis brûkt waard. Tusken de beide tsjerken stiet in 37 meter hege mienskiplike klokketoer, dy't yn 'e jierren 1780 boud waard.

Nei de oktoberrevolúsje waarden de beide tsjerken troch de ateïsten sletten en omset yn pakhûzen. Yn 'e Jehannes Krysostomostsjerke waard sâlt opslein, dat soarge foar de oantaasting en ferneatiging fan guon fresko's yn 'e tsjerke.

In protte tsjerken dy't ûnteigene kamen nei it sluten letter yn hannen fan it Museum fan Jaroslavl. De Jehannes Krysostomostsjerke waard nei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny lykwols oan 'e mienskip fan de âldleauwigen jûn.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: