Tsjerke fan Ierlân
Tsjerke fan Ierlân | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Church of Ireland | |
stifting | 1536 | |
ûnôfhinklik | 1871 (f.d. Tsjerke fan Ingelân) | |
erkenning | 1871 (Tsjerke fan Ingelân) | |
titel primaat | aartsbiskop fan Armagh | |
sit primaat | Armagh (Noard-Ierlân) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | protestantisme | |
ledetal | 378.000 (2004) | |
webside | ireland.anglican.org |
De Tsjerke fan Ierlân (Ingelsk: Church of Ireland; Iersk: Eaglais na hÉireann) is in autonome tsjerke binnen de Anglikaanske mienskip op it eilân Ierlân. De tsjerke bleau ek nei 1923 ien mienskip, doe't it eilân opdield waard yn in republyk Ierlân en ien fan de fjouwer nasjonale dielen fan it Ferienige Keninkryk. Nei de Roomsk-Katolike Tsjerke foarmet de Tsjerke fan Ierlân de op ien nei grutste kristlike tsjerke fan Ierlân.
Krekt as oare Anglikaanske tsjerken hat de Tsjerke fan Ierlân eleminten bewarre fan foar de reformaasje ek al wiist it de supremaasje fan de biskop fan Rome ôf. Likegoed hat de Ierkse Tsjerke in soad teologyske en liturgyske saken fan de reformaasje oernommen, benammen sa't dy troch de Ingelske reformaasje akseptearre waard. De tsjerke definiearret himsels as sawol katolyk as protestantsk en ûnder de leden binne der grutte ferkillen; guon hingje mear de roomske kant oer, wylst oaren harren mear mei de protestantske rjochting identifisearje. Dochs wurdt om histoaryske en kulturele redenen de Tsjerke fan Ierlân oer it ginneraal as in protestantske tsjerkemienskip sjoen.
De betide Tsjerke fan Ierlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsjerke fan Ierlân giet werom op it missywurk fan de Welske sindeling Patrick. De tsjerklike fierings fûnen plak neffens de Keltyske rite mei eigen wênsten en in unike kalinder. Mear as op it kontinint spilen kleasters in grutte rol binnen de organisaasje fan de tsjerke.
Yn 1169 foel op fersyk fan de kening Dermot MacMurrough in Normandysk leger ûnder lieding fan Richard de Clare it lân binnen en besette Dublin en in tal stêden oan de eastlike kust. Yn 1171 kaam út Frankryk Hindrik II fan Ingelân yn Dublin oan en rôp himsels út ta hear fan Ierlân. It Keltyske karakter fan de tsjerke yn Ierlân ferdwûn troch oansluting by de Roomsk-Katolike Tsjerke.
Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsjerke fan Ierlân waard yn 1536 in fan Rome ûnôfhinklike tsjerke nei't it Ierske Parlemint kening Hindrik VIII as haad fan de tsjerke útrôp. De reformaasje yn Ierlân begûn benammen yn Dublin ûnder tasicht fan aartsbiskop George Browne. De measte biskoppen gyngen mei yn de reformaasje, mar in grutte mearderheid fan preestsers en parochianen bleaune roomsk. Fanwegen dy kontinuïteit yn de hiërargy easket de Tsjerke fan Ierlân ek tsjintwurdich de apostoalyske opfolging op, itjinge troch de Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt ûntstriden.
De reformaasje waard nea breed droegen yn Ierlân. Lange tiid koene katoliken gjin stimrjocht útoefenje en net earder as yn 1829 waarden katoliken yn publike amten talitten. Troch brek oan eigen protestantske geastliken moasten dy ek út Skotlân ymportearre wurde, itjinge fan gefolgen hie dat de protestantske tsjerke mear as yn bygelyks Ingelân kalvinistyske ynfloeden ûndergyng.
Organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tsjerke fan Ierlân bestiet út de twa tsjerkeprovinsjes Armagh en Dublin, dy't ûnder te ferdielen binne yn bisdommen.
Under de tsjerkeprovinsje Armagh (sit fan de Anglikaanske primaat fan hiel Ierlân) falle de bisdommen:
- Armagh
- Clogher (County Tyrone)
- Derry en Raphoe (Counties Londonderry en Donegal)
- Down en Dromore (Counties Down en Tyrone)
- Connor
- Kilmore, Elphin en Ardagh
- Tuam, Killala en Achonry (Counties Galway en Mayo)
Under de tsjerkeprovinsje Dublin (sit fan de Anglikaanske primaat fan de Republyk Ierlân) falle de bisdommen:
- Dublin en Glendalough (Katedraal: Christ Church Cathedral)
- Meath en Kildare
- Cashel en Ossory (Katedraal: Cainnech Katedraal yn Kilkenny)
- Cork, Cloyne en Ross
- Limerick en Killaloe
De synoade bestiet út de tolve biskoppen fan de Tsjerke fan Ierlân, tolve troch de geastlikheid keazen leden, 24 keazen leken dy't de bisdommen fertsjintwurdigje en tolve beroppen leden fan it Representative Church Body (RCB). Fanwegen gearfoegings fan bisdommen kin it sa wêze dat der meardere katedralen yn ien bisdom steane.
Oanhing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as yn Ingelân bleau nei de reformaasje de oanhing fan de nije tsjerke beheind ta in boppelaach fan benammen Ingelsktalige landlords en dy't mei harren anneks wiene, wylst de mearderheid fan de befolking nettsjinsteande de foardielen dy't it lid-wêzen fan de steatstsjerke joech trou bleau oan it roomske leauwen. De measte Ingelstalige Ieren keazen foar de Presbiteriaanske Tsjerke en sadwaande hat it tal Ierske Angelikanen, dy't in tuskenposysje ynnimme tusken de roomske en de presbiteriaanske mienskippen, altiten lyts west.
Yn de Republyk Ierlân is de Tsjerke fan Ierlân mei likernôch 130.000 leden it op ien nei grutste tsjerkegenoatskip. De Tsjerke fan Ierlân is yn Noard-Ierlân it op twa nei grutste tsjerkegenoatskip en hat dêr likernôch 260.000 leden.
Flagge
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1999 ferbea de Tsjerke fan Ierlân troch stimming oare flaggen dan dy fan Sint-Patrick en dy fan de Anglikaanske mienskip op te hingjen. By in soad Anglikaanske tsjerken yn Noard-Ierlân hinget lykwols noch jimmeroan de Union Jack.
-
Flagge fan Sint-Patrick
-
Flagge fan de Anglikaanske Tsjerke
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1] |