Tsjerke fan Grootschermer
Tsjerke fan Grutskermer | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Grutskermer | |
adres | Súdein 5 | |
koördinaten | 52° 34'N 4° 51'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
status | sekularisearre, no doarpssintrum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1762 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33092 | |
Webside | ||
www.dorpskerkgrootschermer.nl | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Grootschermer (Grutskermer) oan it Súdein is in trijesidich sletten sealtsjerkje mei in houten tuorke. It gebou wurdt net mear as tsjerke brûkt, mar as kultureel sintrum fan it doarp.
Skiednis en beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke is de tredde tsjerke fan Grutskermer en waard yn 1762 boud. De mei bibelske foarstellings fersierde preekstoel fan 'e tsjerke is âlder as de tsjerke sels en datearret út de earste helte fan 'e 17e iuw. It ynterieur is fierder 18e iuwsk.
Tusken 1978 en 1980 fûn in grutte restauraasje plak. Doe binne ek de histoaryske kleuren fan it gebou werom brocht.
Yn it tuorke hinget in klok fan A. Koster út 1648. It oerwurk is mechanysk en datearret fan 1948. It krige letter elektryske opwining.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel datearret út 1864 en waard troch F. Naber út Dimter boud. It ynstrumint hat njoggen registers op ien manuaal en in oanhongen pedaal.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|