Springe nei ynhâld

Tsjerke fan Ealahuzen

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Ealahuzen
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Ealahuzen
adres Tsjerkewei
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1865

De Tsjerke fan Ealahuzen is in protestanske tsjerke yn Ealahuzen. De gemeente is noch jimmeroan selsstannich en net oansletten by in grutter ferbân, itjinge in bewuste strategy wie om de tsjerke foar it doarp te behâlden.[1]

Fanwegen brekfalligens moast yn 1857 de âlde tsjerke fan Ealahuzen ôfbrutsen wurde. Der waard in nije tsjerke boud, mar op 13 juny ferwoastge in brân feroarsake troch bliksemynslach noch yn itselde jier de nijbou. Fuortendaliks waard it wurk wer oppakt en al op 18 desimber 1864 wie de tsjerke foltôge.

De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke mei neoklassisistyske eleminten. Yn 1950 folge de oanbou fan in konsistoarje.

Rjochts fan de yngong is yn 1968 yn opdracht fan doarpsbelang in gevelstien mei it wapen fan Ealahuzen oanbrocht.

Oargel

By de lêste restauraasje binne der in tal banken ferwidere, dy't troch stuollen ferfongen binne.

Yn it geveltuorke hingje twa klokken. De lytse klok is waard yn 1864 yn Heiligerlee getten. De grutte klok (1832) waard yn Aarle-Rixtel getten.

Mei de bou fan de nije tsjerke boude Willem Hardorff út Ljouwert ek in piipoargel. It waard op 16 july 1865 yn gebrûk nommen. Yn 1993 waard it ynstrumint restaurearre en sûnt is it in monumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: