Tsjerke fan Blesdike
Tsjerke fan Blesdike | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Blesdike | |
adres | Markeweg 89 | |
koördinaten | 52° 49' N 6° 0' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Nikolaas fan Myra | |
status | kultureel sintrum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1843 | |
Webside | ||
Stifting Et Karkien Blesdieke | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan Blesdike is in tsjerkegebou yn it Weststellingwerfske doarp Blesdike. De tsjerke funksjonearret as doarpssintrum en njonken rou-, trou- en tsjerketsjinsten wurde der ek kulturele en oare aktiviteiten organisearre. Eigner is de stifting Et Karkien Blesdieke.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is mei wissigens te sizzen dat der yn 1328 in kapel yn Blesdike stien hat. Mooglik gyng de kapel mei in brân yn 1428 ferlern en ferfongen troch in nije tsjerke. Blesdike hearde eartiids tsjerklik by de Klemenstsjerke fan Stienwyk.
De oarspronklik oan Nikolaas wijde tsjerke waard yn de 18e iuw troch Jacobus Stellingwerf en Abraham de Haen tekene as in goatyske tsjerke mei in foarse sealtektoer en in koer dat smeller wie as it skip en mei steunbearen stabyl holden waard.
Nei't dy tsjerke fanwegen brekfalligens yn 1836 ynstoarte, waard de tsjerke ôfbrutsen en yn 1843 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. De tsjintwurdige tsjerke is lytser as de eardere tsjerke en ynstee fan in toer krige de tsjerke in houten geveltuorke.
Yn 1991 waard de hast 150 jier âlde tsjerke restaurearre.
De herfoarme gemeenten fan Blesdike-Pepergea en Willemsoard binne yn 2010 in PKN-gemeente woarn. De tsjerke yn Willemsoard wurdt alle sneinen brûkt en de tsjerke fan Blesdike in pear kear yn it jier foar bysûndere tsjinsten.[1] It tsjerkegebou fan Blesdike is oerdroegen oan de stifting Et Kaarkien Blesdieke.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerkebanken binne net mear oanwêzich en ferfongen troch stuollen. Yn it koer stiet in ienfâldige preekstoel sûnder fierdere fersiering. De griene kleuren fan de preekstoel en de oargelgalerij binne oerfarve yn reade kleuren.
-
Ynterieur mei oargel
-
Ynterieur mei preekstoel
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke makket gebrûk fan in harmoanium, dat op de galerij skûl giet achter in skynfront.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|