Tsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)
Tsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan
Храм-памятник воинам, павшим при взятии Казани в 1552 | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
autonome republyk | Tatarstan | |
plak | Kazan | |
koördinaten | 55° 48' N 49° 04' E. | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Nikolai Alferov | |
boujier | 1813-1823 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 1610035000 | |
Kaart | ||
It Tsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan yn 1552 (Russysk Храм-памятник воинам, павшим при взятии Казани в 1552 году) is in monumint út de 19e iuw yn Kazan, Ruslân. It monumint betinkt de fallen soldaten by de oermastingering fan 'e stêd troch Ivan de Ferskriklike. It is ien fan 'e âldste militêre betinkingsmonuminten fan Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tsjerke-monumint stiet op in eilân yn 'e Kazanka, op it plak dêr't yn 1552 tûzenen Russen begroeven waarden dy't foelen by it oermasterjen fan 'e stêd troch Ivan de Ferskriklike. Boppe it massa-grêf waard yn opdracht fan 'e tsaar it Himelfeartkleaster boud, mar om't it kleaster alle maitiden lêst hie fan heech wetter ferhûze it kleaster nei in heger diel fan 'e stêd, wylst op it massagrêf in kapel achterbleau.
Pas op 29 juny 1813 waard útein set mei it hjoeddeiske 20 meter hege en brede monumint, dat foltôge waard op 30 augustus 1823. Arsjitekt fan 'e neoklassisistyske ôfknobbe pyramide is de russysk-oekraynske Nikolai Fedorovitsj Alferov (1777-1842). Oan fjouwer kanten fan it monumint binne yngongen mei portiko's en pylders fan 'e Doaryske oarder. Yn 'e hoeken fan 'e pyramide binne fjouwer sellen, dêr't eartiids muontsen wennen dy't de tsjinsten foar de fallen soldaten opdroegen.
Yn it sintrum fan 'e pyramide is de Ferlossertsjerke fan it ôfbyld fan Edessa ("net fan minskehannen makke"). Fuort nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke sletten, mar fan 2001 ôf wurde der wer tsjinsten fierd en de tsjerke waard yn 2005 werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Neffens de oerlevering soe der in geheime gong wêze fan 'e tsjerke nei it kremlyn fan Kazan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Dmitri Hvorostovsky
|