Springe nei ynhâld

Tsjerkasy

Ut Wikipedy
Tsjerkasy
Черкаси
Oblast Tsjerkasy yn de Oekraïne
Oblast Tsjerkasy yn de Oekraïne
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Oblast Tsjerkasy
Rayon Tsjerkasy
Sifers
Ynwennertal 272.651↓(2021)
Oerflak 69 km²
Befolkingsticht. 4.170 / km² (2016)
Hichte 110 m
Oar
Stifting 1286 (neamd)

1795 (stedsstatus)

Tiidsône EET (UTC+2)
Simmertiid EEST (UTC+3)
Offisjele webside
www.rada.cherkassy.ua/ua/
Wapen fan Tsjerkasy
Ortodokse St. Michael katedraal yn Tsjerkasy

Tsjerkasy (Oekraynsk: Черкаси, [tʂ͡erˈkasɪ]) is in stêd in it midden fan Oekraïne. It is de haadstêd fan de oblast Tsjerkasy mei deselde namme en teffens it bestjoerlik sintrum fan it rayon Tsjerkasy, dêr't de stêd sels gjin part fan is, omdat it in apart stedsrayon foarmet. Tsjerkasy hie yn 2001 295.414 ynwenners[1]

Yn de Twadde Wrâldkriich hat der yn 1943-1944 in swiere fjildslach tusken it Reade Leger en de Dútske Wehrmacht by Tsjerkasy west. De fan Russen ynsletten Dútsers koene útbrekke en ûntkomme.

De stêd leit oan it opslachmar fan Krementsjoek, in part fan de rivier de Dnjepr, sa'n 200 km besuden de haadstêd fan de Oekraïne, Kiëv.

It spoar fan Moskou nei Odessa rint troch Tsjerkasy, dêr't it de Dnjepr krúst mei in spoar- en autobrêge mei in lingte fan tolve kilometer.

Tsjerkasy is in universiteitsstêd mei in nasjonale en in technyske universiteit. It is ek it haadplak fan in ortodoks bisdom.

Yn juny 2011 fierde de stêd syn 725e jierdei.

  • 1897 - 29,600
  • 1910 - 39,600
  • 1926 - 39,500
  • 1939 - 51,600
  • 1959 - 85,000
  • 1970 - 158,000
  • 1977 - 229,000
  • 1984 - 267,000
  • 2005 - 293,000

befolkingsgroepen 1926

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Census 12-05-2001