List fan Tsjechysktalige skriuwers
Ta de Tsjechysktalige skriuwers wurde dyjingen rekkene dy't skriuwe yn it Tsjechysk. De Tsjechyske literatuer dy't hjirút ûnstiet is beheinder as wat út it tal ynwenners en de kultuer fan it lân ôflaat wurde kinne soe. De literêre skriuwerij is populêr yn Tsjechje en de bekende skriuwer Václav Havel is der presidint wurden, wat tsjutte soe op in grutte literêre produksje, mar yn Tsjechje wurdt ek Dútsk en oare talen sprutsen, en yn it ferline ek skreaun.
Franz Kafka, de bekendste skriuwer út Tsjechje, skreau yn 't Dútsk en kin mei rjocht as Eastenryksk of Dútsk beskôge wurde. Boppedat wie er joadsk en hearde er ta in etnysk mindertal yn Tsechje. Milan Kundera wennet yn Frankryk en skriuwt sûnt 1989 yn 't Frânsk.
Tsjintwurdich skriuwe auteurs út Tsjechje oer it generaal yn it Tsjechysk.
Fan de folgjende Tsjechyske skriuwers is ek wurk yn it Nederlânsk oerset:
- De bruorren Karel Čapek en Josef Čapek
- Jaroslav Hašek (Osudy dobrého vojáka Švejka, Nederlânske oersetting: De lotgevallen van de brave soldaat Švejk)
- Václav Havel
- Iva Hercíková
- Daniela Hodrová
- Bohumil Hrabal
- Petra Hůlová
- Ivan Klíma
- Milan Kundera (Nesnesitelná lehkost bytí, Nederlânske oersetting: De ondraaglijke lichtheid van het bestaan)
- Jáchym Topol (Kloktat dehet, Nederlânske oersetting: Spoelen met teerzeep)