Tsjaardfeart
Appearance
De Tsjaardfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan it Moarswieltsje (op it krúspunt fan de Boalserter Feart en de Blauhúster Opfeart) nei it súdwesten. By de Tsjaarddyk splitst it wetter him yn in stikje rjochting Hottinga State (by de ôfrit fan de A7 by Nijlân) en in diel dat njonken de Tsjaarddyk trochrint nei it súdeastlik lizzende Folsgeare.
De namme Tsjaardfeat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tjaardvaart.