Triomfkrús
Appearance
In Triomfkrús is in monumintaal krús dat tradisjoneel foar it koer fan in katolike (mar ek lutherske) tsjerken ûnder de triomfbôge stiet of hinget. It begryp "triomf" ferwiisd yn dizze kontekst nei de oerwinning fan de opstiene Heare op de dea.
Eartiids stie it krús fakentiden op in doksaal, dat it koer fan it tsjerkeskip skiede. Ek komt it foar dat it triomfkrús op in balke of stange stiet (de triomfbalke), fakentiden beselskippe fan de bylden fan Marije en Jehannes de Evangelist, of ienfâldich oan in keatling of in koarde hinget.
It triomfkrús is hast altiten moai fersierd en fakentiden binne it wiere keunstwurken.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Triomfkrusen fan Wikimedia Commons. |