Trije-ienheidstsjerke (Batajsk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Trije-ienheidstsjerke

Свято-Троицкий храм

Hram-Bataysk.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
oblast Flag of the Rostov Oblast.svg Rostov
plak Flag of Bataysk (Rostov oblast).png Batajsk
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 2000-2013
boustyl Russysk-byzantynske styl
webside Side tsjerke

De Trije-ienheidstsjerke (Russysk: Свято-Троицкий храм) is in russysk-otterdokse tsjerke yn de súd-russyske stêd Batajsk yn it oblast Rostov.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan de twadde helte fan de 19e iuw waard in majestueuze fiifkoepelige tsjerke boud. De tsjerke, wijd oan de Hodegetria, hoege wat folume oanbelanget net yn it skaad te stean fan de doedestiids nije katedraal fan Rostov. Njonken de tsjerke waarden der ek skoallen boud en in refter. De tsjerke waard yn 1937 sloopt en yn dy tiid waard it ferneatige tsjerkekompleks brûkt as finzenis. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de lokaasje fan de ferneatige tsjerke omfieme mei stikeltried en troch de Dútsers brûkt om kriichsfinzenen fêst te setten.

Nei de kriich waard in skoalle oer de fûneminten fan de âlde tsjerke boud en letter ek in bioskoop. Doe't de perestrojka yn de Sovjet-Uny begûn waard besletten in nije tsjerke te bouwen op de lokaasje fan de ôfbrutsen tsjerke. De otterdokse mienskip krige de bioskoop en feroare dy yn in tsjerke, dy't no wijd waard oan de Trije-ienheid, wylst ien fan de alters oan de Hodegetria wijd waard.

Nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan in nije, monumintale tsjerke sette yn septimber 2000 útein. Wylst de bou foardere en yn 2003 de earste twa koepels en in klok yn de toer ynstalearre waard, waard op 27 septimber op it plein foar de tsjerke in byld fan S.M. Isakov fan de apostel Andréas ûnthulle.

Yn 2006 waard ek begûn mei de weropbou fan in nije skoalle. By in arsjitekturale wedstriid yn Stavropol yn 2007 waard de tsjerke útkeazen as it aldermoaiste religieuze gebou yn oanbou fan it suden fan Ruslân. De Trije-ienheidtsjerke waard yn 2013 foltôge.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: