Trije-ienheidstsjerke (Bataisk)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidstsjerke

Свято-Троицкий храм

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Rostov
plak Batajsk
koördinaten 47° 08' N 39° 44' E
Arsjitektuer
boujier 2000-2013
boustyl Russysk-byzantynske styl
Webside
Side tsjerke
Kaart
Trije-ienheidstsjerke (Jeropeesk Ruslân)
Trije-ienheidstsjerke

De Trije-ienheidstsjerke (Russysk: Свято-Троицкий храм; Svjato-Troitski chram) is in Russysk-otterdokse tsjerke yn 'e súd-russyske stêd Bataisk yn 'e oblast Rostov.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan 'e twadde helte fan 'e 19e iuw waard in majestueuze fiifkoepelige tsjerke boud. De tsjerke, wijd oan 'e Hodegetria, hoege wat folume oanbelanget net yn it skaad te stean fan 'e doedestiids nije katedraal fan Rostov. Njonken de tsjerke waarden der ek skoallen en in refter boud. De tsjerke waard yn 1937 sloopt en yn dy tiid waard it ferneatige tsjerkekompleks brûkt as finzenis. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de lokaasje fan 'e ferneatige tsjerke omfieme mei stikeltried en troch de Dútsers brûkt om kriichsfinzenen fêst te setten.

Nei de kriich waard in skoalle oer de fûneminten fan 'e âlde tsjerke boud en letter ek in bioskoop. Doe't de Perestrojka yn 'e Sovjet-Uny begûn, waard besletten in nije tsjerke te bouwen op 'e lokaasje fan 'e ôfbrutsen tsjerke. De otterdokse mienskip krige de bioskoop en feroare dy yn in tsjerke, dy't no wijd waard oan 'e Trije-ienheid, wylst ien fan 'e alters oan 'e Hodegetria wijd waard.

Nijbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan in nije, monumintale tsjerke sette yn septimber 2000 útein. Wylst de bou foardere en yn 2003 de earste twa koepels en in klok yn 'e toer ynstalearre waard, waard op 27 septimber op it plein foar de tsjerke in byld fan S.M. Isakov fan 'e apostel Andréas ûnthulle.

Yn 2006 waard ek begûn mei de weropbou fan in nije skoalle. By in arsjitekturale wedstriid yn Stavropol yn 2007 waard de tsjerke útkeazen as it aldermoaiste religieuze gebou yn oanbou fan it suden fan Ruslân. De Trije-ienheidtsjerke waard yn 2013 foltôge.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: