Trije-ienheidskatedraal (Novosibirsk)

Ut Wikipedy
Trije-ienheidskatedraal
Троицкий собор
Lokaasje
lân Ruslân
lânsdiel Novosibirsk
plak Novosibirsk
adres Ul. Filatova
koördinaten 54° 59' N 82° 49' E
Arsjitektuer
boujier 1999-2008
Webside
tsobor.cerkov.ru
Kaart
Trije-ienheidskatedraal (Novosibirsk)
Trije-ienheidskatedraal

De Katedraal fan 'e Hillige Trije-ienheid (Russysk: Троице-Владимирский собор; Troitse-Vladimirski sobor) is in tsjerke yn 'e Russyske stêd Novosibirsk en de katedraal fan it bisdom Novosibirsk en Berdsk.

Mei de bou fan 'e monumintale katedraal yn pseudo-Russyske styl waard yn it jier 1999 útein set. It gebou bestiet út in oan 'e apostelgelikense hillige grutfoarst Vladimir wijde boppetsjerke en in benedentsjerke, dy't wijd waard oan 'e hillige Trije-ienheid.

Op 24 augustus 2013 wijde patriarch Kirill de foltôge Trije-ienheidskatedraal. De rite waard bywenne troch tal fan prysters en ôffeardigen fan 'e autoriteiten.

De hichte fan de fiifkoepelige tsjerke is ynklusyf it krús 60 meter.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid, Novosibirsk fan Wikimedia Commons.