Trije-ienheid-Sergius Varnitski kleaster
Trije-ienheid-Sergius Varnitski kleaster
Троице-Сергиев Варницкий монастырь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Rostov | |
koördinaten | 57° 12' N 39° 22' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
oprjochting | 1427 | |
opheffing | 1919 | |
weriepening | 1995 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | gruttendiels nei 2000 rekonstruëarre | |
monumintale status | Monumint fan stêdebou en arsjitektuer | |
monumintnûmer | 7601104000 | |
Webside | ||
Side fan it kleaster | ||
Kaart | ||
It Trije-ienheid-Sergius Varnitski kleaster (Russysk: Троице-Сергиев Варницкий монастырь; Troitse-Sergiev Varnitski monastir) is in kleaster fan it bisdom Jaroslavl fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, in pear kilometer fan 'e stêd Rostov. It is in úthôf fan it Trije-ienheid-Sergius Lavra en it falt fuort ûnder de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It bestean fan it kleaster is al yn dokuminten bekend sûnt 1614. Neffens de oerlevering waard it yn 1427 stifte troch biskop Efraim fan Rostov yn in delsetting bûten de grinzen fan Rostov, mei de namme Varnitsa op it plak dêr't neffens in net al te betroubere tradysje de grutte russyske hillige Sergius fan Radonezj berne wie.
Foar lange tiid bleau it in earmoedich kleaster. Jild foar stiennen gebouwen wie der net. It earste stiennen gebou wie de yn 1763-1771 boude Trije-ienheidskatedraal. Op 16 oktober 1771 waard de katedraal ynwijd troch biskop Atanasius, opdrachtjouwer en finansier fan 'e bou. In twadde, oan 'e Presintaasje fan Marije yn de timpel, wijde stiennen tsjerke, waard yn 1826-1828 boud op kosten fan de Rostover keapman Plesjanov.
Yn 1919 waard it kleaster troch de autoriteiten sletten en de folgjende jierren waard it hast folslein ferneatige. De Trije-ienheidskatedraal, de muorren, de wen- en ekonomyske ferbliuwen waarden ôfbrutsen en oer it kleastergebiet waard in wei oanlein. Allinne de Presintaasjetsjerke oerlibbe de ôfbraak troch't it gebou brûkt wurde koe om der hinnen yn ûnder te bringen. Ek bleaune inkelde kleastersellen bewarre.
Hjoeddeiske status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 13 febrewaris 1995 fûn de weromjefte plak fan it gebiet oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Yn 'e jierren 2000-2003 waard de Trije-ienheidskatedraal wer opboud. De Presintaasjetsjerke waard restaurearre en oer de Hillige Poarte waard in tsjerke boud en wijd oan 'e âlden fan Sergius fan Radonezj, Kirill en Marija. Ek nije wenferbliuwen, kantoaren en oare wurkromten waarden boud. De yn Moskouse styl ûntwurpen Sergius fan Radonezjkatedraal waard yn 2014 tafoege oan it kompleks.
De úthof fan it Trije-ienheids-Sergius Lavra falt fuortendaliks ûnder de jurisdiksje fan de patriarch fan Moskou en hiel Ruslân.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Trije-ienheidskatedraal
(2000-2003) -
Sergius fan Radonezjkatedraal
(2007-2014)
-
Marije-Presintaasjetsjerke
(1828) -
Kirill en Marijatsjerke
(2003-2006)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троице-Сергиев Варницкий монастырь
|