Springe nei ynhâld

Triatlon Warkum

Ut Wikipedy
Triatlon Warkum
Triathlon Workum
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Warkum
tiid fan it jier 1e helte septimber
bysûnderheden
soarte evenemint sport (triatlon)
bestean 2014 – no
offisjele webside
www.triathlonworkum.nl

De Triatlon Warkum (Nederlânsk en offisjeel: Triathlon Workum) is in sportevenemint dat sûnt 2014 elts jier yn 'e earste helte fan septimber yn en om 'e Fryske stêd Warkum holden wurdt. Eins is it gjin folsleine, mar in 1/8 triatlon, besteande út de ûnderdielen 500 m swimmen, 21 km hurdfytsen en 5 km hurddraven. It swimmen fynt plak yn bûtenwetter yn it sintrum fan Warkum, it hurdfytsen giet by de Iselmardyk lâns en it hurddraven giet troch de greiden, û.m. oer de Tillefonne.

Yn 2017 wurke de Triatlon Warkum foar it earst gear mei de Triatlon Wommels en de Triatlon Wytmarsum. Fan gefolgen waard der ek in mienskiplike kompetysje opset fan lju dy't oan alle trije eveneminten meidogge. Dy krige yn 2018 de namme Súdwest-Fryslân Triatlon Cup.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: