Yndyske pappegaaido
Yndyske pappegaaido | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Treron vernans | ||||||||||||
Linnaeus, 1771 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Yndyske pappegaaido (Treron vernans) is in fûgel út it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yndyske pappegaaidowen binne fûgels fan 25 oant 30 sm grut. Se wege 105-160 gram. De fûgels binne griis op 'e krún, hawwe griisblauwe kopfearren, dy't yn 'e hals en op 'e nekke yn rôze oergeane, in oranje flek op it boarst en binne giel op 'e búk. It wyfke hat minder ferskaat yn kleur, is grien fan boppe en gielgrien fan ûnder. Mantsjes en wyfkes hawwe opfallende giele en swarte wjukpinnen en giele flekken op de ûnderste sturtdekfearren.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yndyske pappegaaidowen komme yn 'e lannen om 'e Yndyske Arsjipel foar, fan Súdeast-Aazje oant de Filipinen en Yndoneezje.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt yn in grut gebiet foar en de populaasje is stabyl. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN net bedrige.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|