Springe nei ynhâld

Kanielkoppappegaaido

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Treron fulvicollis)
Kanielkoppappegaaido
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron fulvicollis
Wagler, 1827
IUCN-status: kwetsber

De kanielkoppappegaaido (Treron fulvicollis) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

De kanielkoppappegaaido wurdt likernôch 27 sm lang. By de soarte is der in dúdlik ferskil tusken mantsjes en wyfkes.

De mantsjes hawwe in readbrune kop en hals. Op 'e mantel en wjukken giet de kanieleftige kleur yn pears oer. It boarst is goudgrien en de búk gielgrien. De flanken binne griisgrien. De bûtenste sturtfearren binne griisgrien en hawwe oan 'e ein in swarte kleur mei in grize seame. De snaffel hat in rôze basis en wurdt nei de spits ta hiel ljochtblau. De poatsjes binne readeftich.

Wyfkes ûnderskiede har fan 'e mantsjes troch in grize foarholle en griene kleuren. Jonge fûgels hawwe in soad fan 'e wyfkes.

Kanielkoppappegaaidowen komme yn subtropyske en tropyske mangrovebosken, strewellen en sompen foar. De fûgel komt yn Brûnei, Yndoneezje, Maleizje, Birma, Singapoer en Tailân foar.

De kanielkoppappegaaido hat fjouwer ûndersoarten:

  • Treron fulvicollis fulvicollis (Wagler, 1827) – fan Birma oer Tailân en Maleizje oant Sumatra, ynklúsyf de Riau- en Lingga-eilannen en de eilannen Bangka en Belitung.
  • Treron fulvicollis melopogenys (Oberholser, 1912) – op 'e eilannen Nias en Siberut foar de westkust fan Sumatra.
  • Treron fulvicollis oberholseri (Chasen, 1935) – op 'e Natuna-eilannen yn 'e Súdsineeske See.
  • Treron fulvicollis baramensis (A. B. Meyer, 1891) – op Borneo en lytse eilannen oan 'e noardkust fan Borneo.

Der wurdt fanút gien dat de seldsume soarte aardich te lijen hat fan in flugge efterútgong, itjinge in soad te meitsjen hat mei it ferlies fan biotoop. De fûgel komt selden boppe de 200 m en ek dêrom is de kanielkoppappegaai kwetsber. De gefolgen fan it biotoopferlies wurde noch slimmer troch de lokale jacht. De soarte wurdt op 'e Reade list dêrom as 'kwetsber' klassisifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: