Treinramp by Sliedrecht
Treinramp by Sliedrecht | ||
bysûnderheden | ||
type ramp | treinramp | |
subtype | Kopsturtbotsing | |
oarsaak | Sein te'n ûnrjochte op feilich set | |
datum | 27 novimber 1942 | |
tiid | 18.30 oere | |
lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Sliedrecht | |
statistiken | ||
deaden | 18 | |
ferwûnen | 61 | |
lokaasje | ||
Lokaasje fan 'e treinramp yn Nederlân.
|
De treinramp by Sliedrecht barde op freed 27 novimber 1942 om 18.30 oere yn kriichstiid op Stasjon Sliedrecht. Troch breklike kommunikaasje stiet in ferkeard sein op feilich en bedarret in twadde trein op in beset spoar mei in stilsteande stoptrein. By de botsing kamen 18 passazjiers om it libben, en rekken 42 passazjiers ferwûne.
Belutsen treinen en omstannichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ramp wiene twa treinen belutsen:
- Trein 10814, lutsen troch lokomotyf 1834 ûnderweis fan stasjon Leardam nei stasjon Rotterdam Delftske Poarte.
- Stoptrein 3168, lutsen troch lokomotyf 3793 ûnderweis fan stasjon Nimwegen nei stasjon Doardt.
In trein mei benammen grûnwurkers, dy't foar de Heidemaatskippij yn Gorkum wurkje, reizget út Leardam wei rjochting Doardt. Op it stasjon fan Sliedrecht stiet de stoptrein nei Doardt te wachtsjen. Sein A2 waard ta 'n ûnrjochte op feilich set wêrtroch't de trein út Leardam op spoar 2 efterop de stilsteande stoptrein botste. De steamlokomotyf hat him yn de houten reau boarre, de houtene reauwen waarden yninoar drukt en fersplintere. Ien fljocht der fuortendaliks yn de brân. De oranje gloed fan it fjoer wie yn hiel Sliedrecht te sjen. De lokomotyf skoot noch in hûndert meter troch, rint út de rails en kantelet. It fjoer waard net daalks dwêste troch de brânwacht om't it ljocht fan it fjoer de heechnedige ferljochting yn 'e tsjustere kriichsnacht jout by it bergjen fan 'e deaden en ferwûnen. De fertsjusteringsfoarskriften moasten, nettsjinsteande de bûtengewoane omstannichheden, dochs hanthavene bliuwe! Pas as it rêdingswurk dien is, wurdt it fjoer troch de brânwacht útmakke. De twadde klasse wachtkeamer en de wenning fan de stasjonsjef wurde as earste opfang foar belutsenen brûkt. De minsken dy't mear soarch nedich hiene, waarden oerbrocht nei it sikehûs fan Sliedrecht. Om't se dêr de grutte tal ferwûnen net oankoene, waard der letter in needsikehûs iepene yn in gymnastykseal oan de Tsjerkebuert.
Nei de ramp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn hast alle kranten fan 28 novimber waard de treinramp by Sliedrecht neamd. Mar mear as trije alinea’s wiene it net. Ek oer wat der de folgjende dagen bard is, wat de ôfhanneling fan it ûngelok oanbelanget is neat oant hast neat mear werom te finen. Mooglik spilet de kriich in rol, yn de beheinde ferslachjouwing en kommunikaasje.
Op 27 novimber 2017 waard op stasjon Sliedrecht in tinkplaat ûntbleate ta neitins oan de ramp.