Trasyske See

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Trasyske See
Lokaasje Trasyske See.PNG
Lokaasje tusken it Grykske skiereilân Atos en it Turkske skiereilân Gallipoly yn
See Egeyske See
Koördinaten 40°22′N 25°10′E
Oerflakte
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte
Lingte
Oer

De Trasyske See (Gryksk: Θρακικό Πέλαγος, Thrakiko Pelagos; Turksk: Trakya Denizi), is it uterste noarden fan 'e Egeyske See. De Trasyske See (neamd nei de âlde lânstreek Traasje) wurdt yn it noarden begrinzge troch de Trasyske kust (sawol fan it Grykske West-Traasje as it Turkske East-Traasje); yn it westen troch de eastkust fan it skiereilân Atos, de meast eastlike fan 'e trije "fingers" fan it gruttere skiereilân Chalkidike; yn it easten troch de westkust fan it (Turkske) skiereilân Gallipoly; en yn it suden troch in tinkbyldige line dy't fan 'e útein fan Gallipoly nei de útein fan Atos rint. De Grykske eilannen Thasos en Samothraki lizze yn 'e Trasyske See, wylst it Turkske eilân Gökçeada (Gryksk: Imbros) oan 'e súdlike râne leit. De grutste havenstêden oan 'e Trasyske See binne Alexandroupolis en Kavala, beide yn Grikelân.