Transfiguraasjetsjerke (Moskou)
Transfiguraasjetsjerke
Храм Преображения | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Moskou | |
koördinaten | 55° 47' N 37° 42' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1781, weropbou 2009—2015 | |
sloopjier | 1964 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Argeologysk monumint | |
monumintnûmer | 7737421002 | |
Webside | ||
hram-preobrajeniya.ru | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan de Transfiguraasje fan 'e Ferlosser (Russysk: Храм Преображения) oan it Preobrazjenskaya Plein yn 'e Russyske haadstêd Moskou is in russysk-otterdokske tsjerke. De tsjerke waard foar de oanlis fan 'e metro yn 1964 ferwoastge en yn 'e jierren 2009-2015 rekonstruearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1781 waard yn it doedestiidske doarp Preobrazjenskoje op itselde plak fan 'e hjoeddeiske Transfiguraasjetsjerke de earste stiennen tsjerke foar it Preobrazjenski-rezjimint boud.
Nettsjinsteande protesten waard dizze tsjerke yn 'e nacht fan 17 op 18 july 1964 opblaasd. De offisjele reden foar it beslút om 'e tsjerke te ferneatigjen wiene de plannen foar de oanlis fan 'e metro. Dielen fan 'e ynrjochting lykas de ikonostaze en dekorative eleminten krigen in plak yn oare tsjerken fan Moskou.
Der wurdt wol ornearre dat de Transfiguraasjetsjerke de lêste wie fan 'e hûnderten Moskouse tsjerken, dy't sûnt de kommunistyske machtsoername yn 1917 sloopt waarden. Dat kloppet lykwols net: noch yn 1972 waard de Tsjerke fan Us Leaffrou by de Kalûga Poarte (Казанская церковь у Калужских ворот) ôfbrutsen.
Op it plak fan 'e ferneatige tsjerke waard yn 1997 in krús delset. De Moskouse autoriteiten namen op 17 july 2009 it beslút om 'e tsjerke de rekonstruearjen. Yn septimber waarden de wurksumheden úteinset en yn april 2015 waard it bouwurk foltôge en troch patriarch Kirill ynwijd.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|