Transfiguraasjetsjerke (Kûndoer)
Transfiguraasjetsjerke
Спасо-Преображенская церковь | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
Kraj | Perm | |
plak | Kûngoer | |
koördinaten | 57° 25' N 56° 56' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1763-1781 | |
boustyl | Barok | |
monumintale status | Kultureel monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 5910035000 |
De Transfiguraasjetsjerke (Russysk: Спасо-Преображенская церковь; Spaso Preobrazjenski tsjerkov) is in otterdokse tsjerke fan it bisdom Perm-Kûngoer oan de Sylva yn de Russyske stêd Kûngoer.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it plak fan de tsjintwurdige stiennen Transfiguraasjetsjerke stie earder in houten tsjerke út 1728. Yn 1763 waard útein set mei de nijbou fan in monumintale stiennen tsjerke fan twa ferdjippings. De kosten waarden droegen troch de bewenners fan Kûndoer, wêrfan't de handler Ivan Chlebnikov de grutste bydrage levere.
De beneden- of wintertsjerke waard oan it ikoan fan de Mem Gods fan Kazan wijd op 11 juny 1768 en op 16 juny 1781 waard de boppe- of simmertsjerke oan de transfiguraasje fan de Hear wijd.
Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 bleau de tsjerke noch tolve jier iepen oant it yn 1929 foar de earetsjinst sletten waard. De tsjerke bleau noch in skoftke leech stean en krige dêrnei in opliedingsfunksje foar ferskate ynstellings. Nei't de Technyske Skoalle de eardere tsjerke yn 1977 ferliet, bleau it gebou op 'e nij leechstean. Der wiene plannen om it gebou by it museum te foegjen en der in keunstgallerie yn ûnder te bringen mar fanwegen jildbrek waarden dy plannen nea útfierd.
Yn 1994 waard de tsjerke op fersyk fan otterdokse kristenen werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|