Transfiguraasjetsjerke (Jekatarineburch)
Transfiguraasjetsjerke
Преображенская церковь | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 56° 46' N 60° 38' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1808-1821; weropbou 1995-1998 | |
monumintale status | Kultureel monumint fan regionaal belang | |
monumintnûmer | 6600000603 | |
offisjele webside | ||
preobrazgenie.org |
De Tsjerke fan de Transfiguraasje (Russysk: Преображенская церковь; Preobrazjenskaja tsjerkov) is in russysk-otterdokske tsjerke yn it súdlike distrikt Tsjkalovsk fan Jekaterineburch, Ruslân. De tsjerke waard boud tusken 1808 en 1821, mar yn de Sovjet-tiid folslein ferneatige en omboud ta in fabryk foar rubberprodukten.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De earste tsjerke op it plak dêr't no de Transfiguraasjetsjerke stiet waard stifte yn 1712 en wie wijd oan de hillige Nikolaas. De houten Nikolaastsjerke die 95 jier tsjinst en baarnde yn 1807 alhiel ôf.
Op it plak waard doe de earste stien lein foar in nije stiennen tsjerke. De nijbou krige oan de súdlike kant in kâlde kapel, dy't wijd waard oan it Kazan-ikoan fan Us-Leaffrou en oan noardlike kant in kapel, dy't wijd waard oan Sint-Nikolaas. It haadalter waard oan de Transfiguraasje fan de Hear wijd. It tsjerkegebou waard yn de twadde helte fan de 19e iuw te lyts en moast yn 1860 grutter makke wurde. Hjirfoar moasten oant 1863 de sydkapellen ôfbrutsen en ferfolgens oan de gruttere tsjerke wer op boud wurde.
Nei de Oktoberrevolúsje begûn de ferfolging fan it leauwen yn Ruslân. De koepel fan de Transfiguraasjetsjerke waard al yn 1930 foar in diel fernield. Yn 1937 waard de tsjerke definityf sluten en yn 1942 oerdroegen oan in fabryk, dy't yn ferbân mei de Dútske oanfal op Ruslân út Moskou evakuëarre wurde moast nei Jekaterineburch om produkten fan rubber te produsearjen. Yn dy tiid waard de tsjerke fan binnen folslein ferboud om it geskikt te meitsjen foar produksjedoelen.
Wylst it gebou noch net oerdroegen wie oan de tsjerke waard tidens it peaskefeest fan 1995 foar it earst in earetsjinst yn it gebou fierd. Dêrnei starte de weropbou en de restauraasje fan de tsjerke. De folsleine oerdracht oan de Russysk-otterdokske Tsjerke fûn yn itselde jier plak mei de feestdei fan de Transfiguraasje fan de Hear. Sûnt 1996 wurde der wer alle dagen tsjinsten fierd.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Преображенская церковь (Екатеринбург)
|