Springe nei ynhâld

Transfiguraasjekatedraal (Sint-Petersburch)

Ut Wikipedy
Transfiguraasjekatedraal
Спасо-Преображенский собор
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Sint-Petersburch
koördinaten 59° 56' N 30° 21' E
Arsjitektuer
boujier 1743-1754
werbou nei brân 1825-1829
boustyl empirestyl
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 781520298500006
Webside
www.spaso-preobr-sobor.ru
Kaart
Transfiguraasjekatedraal (Sint-Petersburch-Sintrum)
Transfiguraasjekatedraal

De Transfiguratiekatedraal fan alle Gardes (Russysk: собор Преображения Господня всей гвардии; Sobor Preobrazjenija goslodija vsei gvardi), ek Preobrazjenski-katedraal, is in Russysk-otterdokse katedraal oan it plein mei deselde namme yn Sint-Petersburch.

De katedraal waard yn 'e jierren 1743-1754 boud neffens in ûntwerp fan Michail Grigorevitsj Zemtsov. De tsjerke waard op it plak fan in âlde kazerne fan it Preobrazjenki-rezjimint boud, dat Elisabeth by in slagge steatsgreep holpen hie, sadat hja de keizerinne waard. As tank foar de stipe joech Elisabeth opdracht ta de bou fan 'e katedraal. De earste stien waard op 9 juny 1743 lein. Nei de dea fan de arsjitekt naam Pietro Antonio Trezzini it wurk oer. Hy brocht lykwols in pear feroaring oan en foege barokke styleleminten ta.

Ynterieur fan 'e tsjerke oan it begjin fan 'e 20e iuw.

De tsjerke waard op 16 augustus 1754 (Juliaanske kalinder) troch de aartsbiskop en yn bywêzigens fan Elisabeth op de jûn foar it feest fan 'e Transfiguraasje ynwijd. De ikonostaze en de dekoraasjes fan it alter binne yn 1743-1754 troch de houtfiker Kobilinski út Moskou neffens it ûntwerp fan Bartolomeo Rastrelli makke. De beskilderingen binne fan M.L. Kolokolnikov.

Op 12 novimber 1796 waard ta neitins fan it rezjimint oan de namme "fan alle Gardes" tafoege.

De tsjerke waard op 8 augustus 1825 troffen troch in slimme brân, dy't it hiele ynterieur ferneatige. Allinne de muorren bleaune stean, mar in grut part fan 'e wijde saken koe lykwols noch op 'e tiid út de tsjerke helle wurde. De werbou fan 'e katedraal fûn plak yn 'e empirestyl. Sûnt 1871 wie in parogiale garitative organisaasje aktyf yn 'e tsjerke mei ynstellings as in earmhûs, in berneopfang, in skoalle foar bern fan soldaten en plak dêr't fergees útfanhûze wurde koe.

Ynterieur.

Oars as de measte oare tsjerken mocht de tsjerke nei de machtsoername troch de bolsjewiken iepen bliuwe foar de earetsjinst. Wol waard de katedraal ôfwurdearre nei in gewoane parochytsjerke en de Transfiguraasjetsjerke hie likegoed ek te meitsjen mei de plondering fan weardefolle saken. De militêre oantinkens waarden út de tsjerke helle en oerbrocht nei in museum. Yn 'e jierren 1920 waarden ek de weardefolle ikoanen út de tsjerke stellen. Foar in skoft wie de tsjerke yn hannen fan 'e Libbene Tsjerke, in ôfsplitsing fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke dy't it besocht oan te lizzen mei de bolsjewiken. Yn 'e tiid fan it belis fan Leningrad bea in skûlkelder ûnder de tsjerke beskerming tsjin 'e loftoanfallen oan 500 minsken. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke tusken 1946 en 1948 restaurearre.

Dûbelkoppige earn.

Ta neitins fan 'e befrijingskriich fan 'e Balkanfolken fan 'e Ottomaanske besetting, waard in stek om de katedraal boud. Dêrby waard gebrûk makke fan kanonnen út de Turkske forten fan Izmajil, Varna, Isaccea, Silistra en Tulcea. Op 'e lopen fan 'e kanonnen binne teksten as "De grime fan Allah" en "Ik bring allinne de Dea" te lêzen. It stek bestiet út 102 brûnzen kanonlopen, ferdield yn 34 sets fan trije op in graniten sokkel, dy't mei swiere kettings oan inoar ferbûn binne. Op 'e middelste lopen binne byzantynske dûbelkoppige earnen set.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Transfiguration Cathedral (Saint Petersburg)