Transfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)

Ut Wikipedy
Aleksander Nevskikatedraal

Спа́со-Преображе́нский собо́р

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Nizjni Novgorod
plak Nizjni Novgorod
koördinaten 56° 19' N 43° 57' E
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1818-1822
arsjitekt Auguste de Montferrand
boustyl Klassisisme
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 5210063000
oare ynformaasje
hichte 40 meter
offisjele webside
nevskiy-nne.ru

De Transfiguraasjekatedraal (Russysk: Спа́со-Преображе́нский собо́р; Spaso Preobrazjenski sobor) is in russysk-otterdokse katedraal yn de Russyske stêd Nizjni Novgorod.

De katedraal is it âldste noch besteande gebou fan it âlde hannelsgebiet dat by Nizjni Novgorod oanlein waard nei de grutte brân fan 1816 op it âlde plak by it Makarjevkleaster.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katedraal en klokketoer yn it begjin fan de 20e iuw

Yn 1816 ferhûze de hannelsbeurs fan Makarjev nei Niznji Novgorod. Yn it ramt fan dy ferhûzing ûntwikkele Agustín de Betancourt de plannen foar de beursgebouwen op de lofter kant fan de Oka. Foar de bou fan in nije katedraal yn dat gebiet helle hy Auguste de Montferrand nei Nizjni Novgorod, dy't ek de arsjitekt fan de Izaäkkathedraal yn Sint-Petersburch wie. Om't de bou fan de katedraal in soad oerienkomsten hat mei de Izaäkkatedraal en Monferrand mear ûntwerpen makke foar dy tsjerke, is it mooglik dat der foar de bou fan de katedraal yn Nizjni Novgorod ien fan syn âlde ûntwerpen brûkte.

De beurs wie mar in moanne iepen en de geastliken fan de katedraal hearden by de Transfiguraasjekatedraal yn it kremlyn, dêr't de ikoanen en it liturgyske reau ek fan brûkt waard.

Nei de foltôging fan de katedraal yn 1822 feroarsake de nije ikonostaze opskuor. De Italjaan Toricelli hie de ikoanen yn West-Europeeske styl skildere sûnder rekken te hâlden mei de otterdokse seden. In soad keaplju wegeren út skamte noch nei de tsjerke te gean, oaren namen eigen ikoanen mei. Lang om let krige de katedraal in nije ikonostaze fan de Russyske arsjitekt Vasili Petrovitsj Stasov.

Ynterieur

Fanwegen de skuorren dy't ûnstienen troch de sompige grûn en de oerstreamings moast de katedraal tsjin it ein fan de 19e iuw restaurearre wurde. Nei de restauraasje waard de tsjerke op 31 july 1888 op 'e nij wijd. Yn 1899 drige de frijsteande klokketoer yn te soarten yn 1906 folge de bou fan in nije klokketoer yn 'e selde styl.

Oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Oktoberrevolúsje waard de katedraal sletten en oerdroegen oan in bedriuw. De Ried foar Religieuze Saken fan de Sovjet-Uny naam yn 1989 it beslút om de katedraal werom te jaan oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. De klokketoer fan de katedraal út 1906 waard yn de Sovjet-tiid ôfbrutsen.

Weriepening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1991 fûn de oerdracht fan de katedraal plak en dêrnei waard fuortendaliks mei in restauraasje en it opknappen fan de omjouwing útein set. Oant 2009 wie de katedraal de haadtsjerke fan it bisdom Nizjni Novgorod-Arzamas. Nei't de restauraasje fan de Aleksander Nevski-katedraal waard dy tsjerke de haadtsjerke fan it bisdom. Op 11 septimber fan itselde jier waard troch patriarch Kirill foar de katedraal in monumint ta neitins foar slachtoffers fan Tsjernobyl ûntbleate, dat in ingel mei krúste earms foarstelt. Op de graniten platen steane teksten út de Skrift en nammen fan slachtoffers.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасский Староярмарочный собор