Springe nei ynhâld

Aleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)

Ut Wikipedy
Aleksander Nevskikatedraal
Собор Александра Невского
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Nizjni Novgorod
adres Ul. Strelka 3
koördinaten 56° 20' NB, 43° 58' EL
Tsjerklike gegevens
eparchy Nizjni Novogorod
patroanhillige Aleksander Nevski
Arsjitektuer
arsjitekt Lev Vladimirovitsj Dal
boujier 1867-1880
boustyl Eklektisisme (Russyske romaanske en byzantynske styl)
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 521510211190006
Webside
nevskiy-nne.ru
Kaart
Aleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)
Aleksander Nevskikatedraal

De Aleksander Nevskikatedraal (Russysk: Собор Александра Невского; Sobor Aleksandr Nevskoje) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Nizjni Novgorod yn Ruslân.

Ynterieur.

Yn it ramt fan in besite fan Aleksander II oan 'e stêd, tsjinne in keapman it fersyk yn om yn it sakedistrikt fan 'e stêd in nije tsjerke te bouwen. Foar dat doel waard jild ynsammele, mar de ynsammeling brocht net genôch jild op en it earste ûntwerp koe net útfierd wurde fanwegen jildbrek. Lang om let waard keazen foar in ûntwerp fan de arsjitekt Lev Vladimirovitsj Dal, in eklektysk ûntwerp fan in monumintaal gebou mei fiif achthoekige tuorren dat net mear as 100.000 rûbel kostje mocht. De bou fûn plak tusken 1867 en 1880 en op 20 july 1881 waard de katedraal yn bywêzigens fan tsaar Aleksander III, syn frou Maria Fjodorovna en harren soan Nikolaas ynwijd ta eare fan de hillige Aleksander Nevski.

Nei de revolúsje fan 1917 waard de tsjerke sletten. De weardefolle saken waarden yn beslach nommen en yn 'e winter fan 1930 waard it houten meubilêr út de tsjerke ferwidere om dêrmei de gebouwen te ferwaarmjen. In pear ikoanen koene op 'e tiid troch otterdokse minsken út de tsjerke helle wurde. Dêrûnder wie ek it mirakuleuze ikoan fan de Mem Gods en it Hillich Krús. Der wiene plannen om yn it ramt fan 'e werynrjochting fan it gebiet de katedraal ôf te brekken om op it plak in fjoertoer te bouwen mei in monumint foar Lenin. Dy waarden lykwols nea útfierd, mar de tuorren fan de tsjerke waarden yn it ramt fan it tariedingswurk al ôfbrutsen.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard op de eardere katedraal ôfwargeskut set om de stêd tsjin oanfallen te beskermjen. In brân yn 'e jierren 1940 fernielde de fresko's yn 'e tsjerke. Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1980 setten frijwilligers útein mei de weropbou fan 'e tintefoarmige tuorren.

Yn juny 1992 waard de katedraal werom jûn oan de Russyske-Otterdokse Tsjerke. In restauraasje fan de katedraal folge en der is in nije ikonostaze boud.

By in besite fan patriarch Kirill yn 2009 joech dy de tsjerke de status fan katedraal. Sûnt 2010 waard útein set mei it oanbringen fan nije fresko's. Foar in noch te bouwen klokketoer op it plak dêr't de Oka en Wolga gearrinne waard in 60 ton swiere klok getten, ien fan de grutste klokken fan Ruslân. De klok waard by de súdlike tagong yn in provisoaryske konstruksje ophongen.

It gebiet om de katedraal hinne is werynrjochte en opknapt. Noardwestlik fan de katedraal stiet it stadion fan Nizjni Novgorod.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Александро-Невский Новоярмарочный собор